God hat it te sizzen
Foar de dirigint. Op: Bedjer it net. In psalm fan Asaf. In liet.
Lof bringe wy Jo, o God, lof bringe wy.
Dy’t jo namme oanroppe, fertelle jo wûnders.
As Ik de tiid derfoar steld haw (seit God),
sil Ik rjochtsprekke sa’t it heart.
Al wifket de ierde mei al har bewenners,
Ik haw har pylders fêstset.
Tsjin de dwazen sei ik: Wês net sa dwaas,
tsjin ’e ferkearden: Set it krop net sa heech,
set it krop net sa himelheech,
praat net sa proastich út in hege hals.
Want ferheegjen komt net fan east of west,
ek net út ’e wyldernis wei,
mar God sil as rjochter sitte:
de iene ferleget Er en de oare ferheget Er.
Ja, der is in beker yn ’e hân fan ’e Heare
fol skomjende krûdige wyn
en dêr skinkt Er út.
Ek it besinksel derfan moatte se opdrinke,
drinke moatte se, alle ferkearden op ierde.
Mar ik, ik sil ivich jubelje,
foar de God fan Jakob sjonge en spylje.
Alle macht fan ’e ferkearden sil Er delslaan,
mar heech riist de macht fan ’e rjochtfeardigen.