By de púnfal fan it hillichdom
1In keunstich liet. Fan Asaf.
Wêrom, o God, hawwe Jo ús foargoed ferstjitten
en stiet jo grime te baarnen tsjin de keppel
dêr’t Jo noed foar steane?
2Tink oan jo gemeente, dy’t Jo alear wûn hawwe,
de stamme dy’t Jo as erfdiel frijkochten,
de berch Sion dêr’t Jo Jo nei wenjen set hawwe.
3Jou Jo op nei de ivige púnfallen;
alles hat de fijân yn it hillichdom fernield.
4Op jo hillich stee stienen jo fijannen te razen,
se setten har findels oerein, as oerwinningstekens.
5It wie net oars as ûnderhellen se de bilen
yn in tichte bosk
6en dêr sloegen se it snijwurk
mei houwielen en haksebilen alhiel yn stikken.
7Se stieken jo hillichdom yn ’e brân,
oan ’e grûn ta ûnthilligen se de went fan jo namme.
8Se tochten dat se alles delhouwe soenen
en alle godshuzen op ierde ferbaarne.
9Tekens, foar ús ornearre, sjogge wy net,
profeten binne der langer net mear,
gjinien fan ús wit oant hoelang.
10Ja, hoelang noch God, sil de ferdrukker hune,
sil de fijân Jo namme smaadzje sûnder ein?
11Wêrom lûke Jo de hân tebek
en hâlde Jo de rjochterhân by Jo?
12En dochs is God fan âlds myn kening,
dy’t ferlossing bewurket midden op ’e ierde.
13Jo hawwe troch jo krêft it wetter spjalten,
Jo hawwe de meunsters boppe it wetter de kop teplettere.
14Jo hawwe de koppen fan de Leviatan tebrizele
en de bewenners fan ’e wyldernis dermei fuorre.
15Jo hawwe foar welle en wetters de grûn iepenbrutsen
en streamende beken droech makke.
16Fan Jo is de dei, fan Jo ek de nacht,
Jo hawwe de moanne en de sinne makke.
17Jo hawwe alle grinzen fan ’e ierde fêststeld;
simmer en winter joegen Jo har fêste tiid.
18Betink dit, dat de fijân Jo hunet, Heare,
dat it dwaze folk jo namme hunet.
19Jou jo toarteldo net priis oan rôffûgels,
ferjit it bestean fan jo ellindigen net foargoed.
20Tink oan jo ferbûn, want it lân
is fol wenten fan geweld.
21Lit de ferdrukte net beskamme stean,
mar lit de ellindige en de earme jo namme wer loovje.
22Oerein, o God, striid jo striid,
tink oan ’e hún dy’t de dwazen
Jo de hiele dei oandogge.
23Ferjit it geraas fan jo tsjinstanners net,
it tjirgjen fan dy’t tsjin Jo opsteane,
dat aloan en alwer opstiicht.