IT TREDDE BOEK: Psalm 73-89
Omtrint it spoar bjuster
1In psalm fan Asaf.
Wier, God is goed foar Israel,
foar harren dy’t suver fan hert binne.
2Mar ik – myn fuotten wienen omtrint útgliden,
myn stappen wienen hast útskampt,
3mei’t ik oergeunstich wie op dwylsinnigen,
om’t ik seach dat it de ferkearden goed gong.
4Dy hawwe gjin swierrichheden,
geef binne se en sûn fan lea.
5Fan it minskeleed krije se har part net
en se wurde net pleage lykas oaren.
6Dêrom drage se har grutskens as in slot om ’e hals
en har geweld as in kleed om ’e lea.
7De eagen pûdzje har fan fet,
it hert rint har oer fan grutskens.
8Se hune en prate feninich,
benearjend út ’e hichte wei.
9Se sette in mûle op tsjin de himel
en har tonge roert him tige op ’e ierde.
10Sadwaande rint it folk har nei
en har wurden drinke se as wetter.
11Se tinke: Wat soe God derfan witte,
hoe soe de Heechste der weet fan hawwe?
12Dat binne se no, dy ferkearde minsken;
altyd wurde se sliepende ryk.
13Om ’e nocht haw ik dus myn hert suver hâlden
en myn hannen yn ûnskuld wosken.
14De hiele dei waard ik al mar pleage
en elke moarn op ’e nij kastijd.
15As ik no sein hie: Ik wol krektsa prate as sij,
dan hie ik de minsken dy’t jo bern binne, ferret.
16Mar as ik besocht it te begripen,
dan wie it my in pinigjende fraach ...
17oant ik Gods hillichdom yngong
en seach wat der fan harren oerbliuwt.
18Jawis, Jo sette har op glysterige paden,
Jo meitsje fan har in púnfal.
19Hoe wurde se yn in sucht ta ûntsetting,
komme om en fergeane fan ’e skrik.
20As in dream by it wekker wurden, sa binne se,
Jo slane har byld net iens acht,
as Jo ûntweitsje.
21Sa faak myn hert ferbittere waard
en it my op ’en djipsten stiek,
22wie ik in stik fee en ik begriep neat;
ik wie in stik fee by Jo!
23Mar dochs, ik bin altyd by Jo;
Jo ha my by de rjochterhân krige,
24Jo liede my, sa’t jo doel is,
en dan ... nimme Jo my op yn hearlikheid.
25Wa haw ik yn ’e himel?
Njonken Jo winskje ik neat op ierde.
26Mocht myn lichem en hert ek beswike,
ivich bliuwt God myn rots en myn diel.
27Want sjoch, dy’t fan Jo ôfwike, fergeane,
dy’t Jo ûntrou wurde – Jo ferdylgje se allegearre.
28Mar it is myn gelok deun by God te wêzen.
By God de Heare haw ik myn taflecht fûn
en ik sil al syn dieden ferhelje.