De ûntsachlike God fan Sion
1Foar de dirigint. By snaarynstrumenten. In psalm fan Asaf. In liet.
2God is ferneamd yn Juda,
grut is syn namme yn Israel.
3Te Salem hat Er syn tinte krige,
op Sion syn wenstee.
4Dêr briek Er de flitsen fan ’e bôge,
skyld en swurd, ja alle oarlochsark.
5Strieljend kamen Jo, o Hearlike,
fan ’e bergen, dy’t besiedde leinen mei bút.
6Plondere waarden de heechhertigen,
se sonken yn in djippe sliep,
gjinien fan al dy helden koe syn eigen hannen fine.
7Troch jo driigjen, o God fan Jakob,
rekken riders en hynders ferdôve.
8Ja, ûntsachlik binne Jo.
Wa bliuwt foar Jo oerein stean,
as jo grime oplôget?
9Jo lieten út ’e himel wei it fonnis hearre;
de ierde huvere en waard deastil,
10doe’t God oerein kaam ta it oardiel
om alle earmelytsen yn it lân te rêden.
11Minsken, hoe grimmitich ek, moatte Jo loovje
en de lêste rebellen bringe Jo oan jo kant.
12Doch beloften oan de Heare, jim God, en betelje se;
jimme tsjinners fan Him, bring de Untsachlike jim jeften.
13Hy bêdet de waan fan ’e foarsten del,
ûntsachlik dat Er is foar de keningen fan ’e ierde.