Gebed foar de kening
1Foar Salomo.
O God, lit de kening jo rjocht sprekke,
de keningssoan jo gerjochtichheid.
2Mei er jo folk rjocht dwaan yn gerjochtichheid
en jo ellindigen yn rjochtlikheid.
3Meie de bergen it folk frede tadrage
en de hichten gerjochtichheid.
4Mei er de ellindigen ûnder it folk oan har rjocht helpe,
de bern fan ’e earmen útrêding jaan,
mar lit him de ferdrukker delslaan.
5Mei er libje salang’t de sinne skynt,
salang’t de moanne ljochtet de ieuwen troch.
6Mei er wêze as rein dy’t op ’e greiden falt,
as buien dy’t de grûn besproeie.
7Mei yn syn dagen de gerjochtichheid bloeie
en it folle heil, oant de moanne net mear skynt.
8Lit him hearskje fan ’e iene see oan ’e oare ta,
fan de Rivier oant ierdryks einen.
9Dat syn tsjinstanners foar him bûge,
syn fijannen it stof opslikje.
10Dat de keningen fan Tarsjisj en de lannen oan ’e see
him skatting bringe,
de keningen fan Skeba en Seba
him lêsten betelje.
11Dat alle keningen foar him bûge
en alle folken him tsjinje.
12Want hy rêdt de earme, dy’t om help ropt,
en de fersleine, dy’t gjin helper hat.
13It deart him oan om de swakke en earme,
en de earmen rêdt er it libben.
14Fan ferdrukking en geweld makket er har frij
en har bloed is by him tige kostber.
15Mei er sa libje en meie se him it goud fan Skeba jaan,
meie se altyd foar him bidde,
al den dei him segen tawinskje.
16Mei der al mar mear nôt op it lân wêze,
op ’e toppen fan ’e bergen.
Mei syn frucht rûzje as de Libanon,
syn ieren groeie as it wylde krûd.
17Mei syn namme ivich bliuwe,
mei er namme meitsje, salang’t de sinne skynt,
mei de iene de oare der mei lokwinskje
en meie alle folken him lokkich priizje.
18Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel,
dy’t wûnders docht, Hy allinne.
19Heech te priizjen is foar ivich syn geweldige namme,
syn hearlikheid mei de ierde fol fan wêze. Amen! Amen!
20Hjir nimme de gebedens fan David, de soan fan Isaï, in ein.