Gebed fan in âldman
By Jo, Heare, sykje ik myn taflecht,
lit my net ivich foar skande stean.
Om jo gerjochtichheid, rêd en befeiligje my,
jou my it ear en help my.
Wês my in beskermjende rots,
in festing, dêr’t Jo my feilichheid jouwe,
want Jo binne myn rots en myn stins.
Myn God, rêd my út ’e macht fan ferkearde minsken,
út ’e greep fan dogeneaten en ferdrukkers.
Want op Jo hoopje ik, Hear,
fan bern ôf binne Jo, Heare, myn betrouwen.
Op Jo haw ik steund fan ’e berte ôf,
fan ’e memmeskurte ôf wienen Jo myn helper.
Foar Jo is myn lof foar altyd.
Foar mannichien wie ik in ûnheilsteken,
mar Jo wienen myn sterke taflecht.
Myn mûle is fol lof oer Jo,
fol ferhearliking de hiele dei.
Ferstjit my net op myn âlde dei,
ferlit my net, no’t myn krêft it sitte lit.
Want myn fijannen prate oer my,
dy’t it op myn libben fersjoen hawwe
binne it iens en sizze:
God hat him ferlitten,
set him nei, gryp him, want gjinien helpt him.
O God, bliuw net fier fan my,
kom mei hasten, myn God, om my te helpen.
Lit fan skamte fergean,
dy’t it op myn libben fersjoen hawwe;
lit mei skande en skimp oerdutsen wurde,
dy’t it op myn ûndergong oanstjoere.
Mar ik sil aloan op Jo wachtsje
en jo lof oanienwei grutter meitsje.
Ja, ik sil jo gerjochtichheid ferhelje
en jo útrêding de hiele dei.
Ik kom op jo heldedieden, Heare, myn Hear,
allinne oan jo gerjochtichheid wol ik tinke.
O God, fan bern ôf oan hawwe Jo my ûnderrjochte
en ik ferkundigje oant no ta jo wûnders.
Wol ek, no’t ik âld en griis wurd,
my net ferlitte, o God;
lit my dit geslacht fan jo sterke earm ferhelje
en elk geslacht dat komt, fan jo heldekrêft,
en fan jo gerjochtichheid, God, dy’t heech as de himel is.
Jo, dy’t grutte dingen dien hawwe,
o God, wa is Jo gelyk?
Jo, dy’t ús safolle slim ûnheil belibje lieten,
Jo sille my it libben weromjaan.
Ut ’e djipten fan ’e ierde
sille Jo my wer ferrize litte.
Jo sille my ta heger eare bringe
en my op ’e nij fertreaste.
Dan sil ik mei de harp Jo loovje
om jo trou, myn God.
Ik sil Jo by de liere psalmsjonge,
o Hillige fan Israel.
Lûd sil ik jubelje, as ik foar Jo sjong en spylje
om myn libben, dat Jo de romte jûn hawwe.
En myn tonge sil de hiele dei
jo gerjochtichheid ferkundigje,
omdat sij dy’t it op myn ferdjer oanstjoere,
beskamme en foar skande steane.