Psalmen 67
Tankliet by de rispinge
1Foar de dirigint. Mei snaarynstruminten. In psalm. In liet.
2Mei God ús geunst en segen jaan,
mei Hy it antlit oer ús ljochtsje litte,sela
3dat se op ’e ierde witte meie hoe’t Jo dogge
en by alle folken, hoe’t Jo helpe.
4De folken moatte Jo loovje, God, alle folken moatte Jo loovje.
5De naasjes moatte bliid wêze en jubelje,
om’t Jo de folken rjochtsje neffens rjocht
en op ierde de naasjes liede.sela
6De folken moatte Jo loovje,
God, alle folken moatte Jo loovje.
7De grûn hat syn opbringst jûn,
God, ús God, hat ús segene.
8God segenet ús;
alle einen fan ’e ierde
moatte ûntsach hawwe foar Him.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap