In kriichsliet
1Foar de dirigint. Fan David. In psalm. In liet.
2God komt oerein, de fijannen spatte útinoar,
syn haters geane foar Him op ’e flecht.
3Lykas reek ferjage wurdt, sa ferjeie Jo har;
lykas waaks raant foar it fjoer,
sa wurde ferkearde minsken wei foar God.
4De rjochtfeardigen ferbliidzje har,
jubelje foar Gods antlit,
binne optein fan wille.
5Sjong foar God, besjong syn namme,
priizje Him dy’t op ’e wolken riidt:
Heare is syn namme, jubelje foar Him.
6In heit is Er foar de wezen,
de widdowen helpt Er oan har rjocht,
God yn syn hillige wente.
7Omswalkers jout God wer in thús,
gefangenen set Er yn ’e oerfloed,
mar de lefferts sille yn earmoed ferkeare.
8O God, doe’t Jo ienris foar Jo folk útgongen
op jo tocht troch de wyldernis,
9doe droande de ierde en dripte de himel
foar God, de God fan ’e Sinai,
foar God, de God fan Israel.
10Stjalprein sproeiden Jo oer jo erffolk, o God,
en waarden se wurch, dan hâlden Jo har oerein.
11Jo leger koe him dêr deljaan
en myld soargen Jo foar dy earmelytsen, o God.
12As de Hear strak de beslissing jout,
sil in rige froulju blide tynge dwaan,
13de keningen sille mei har legers op ’e flecht gean
en thús sille de froulju de bút ferparte.
14En as jim dan wer njonken de hiemfredingen lizze,
binne de dowewjukken mei sulver belein
en har flerken mei giel goud.
15As de Heechste dêr de keningen ferslacht,
sil it op ’e Salmon snije.
16In machtige berch, dy Bazanberch!
In heechkoppige berch, dy Bazanberch!
17Wêrom, heechkoppige bergen, sjogge jim oergeunstich
nei de berch dy’t God Him as wente útsocht hat?
Grif sil de Hear dêr foargoed wenje.
18Untelbere tûzenen striidweinen hie God,
doe’t Er fan ’e Sinai teach nei it hillichdom.
19Jo kamen fanwegen, fierden gefangenen mei
en krigen fan minsken geskinken oanbean.
Mar de lefferts moasten thúsbliuwe –
de Heare is God.
20Heech te priizjen is de Heare al den dei;
Hy draacht ús, de God dy’t ús rêdt.
21Dy God is ús in God dy’t befrijt.
De Heare God kin rêde fan ’e dea.
22God sil wis ús fijannen de kop tepletterje,
de rûge plasse fan har dy’t net ophâlde mei kweadwaan.
23De Heare hat al sein: Ik helje se op út Bazan
en Ik helje se op út ’e djippe see.
24Dan kin jimme foet yn bloed baaie
en de tonge fan jimme hûnen har part krije fan ’e fijannen.
25Se sjogge al nei jo optocht, o God,
de optocht fan myn God en kening nei it hillichdom:
26Foarop de koarsjongers en achteroan de muzikanten
en dêr tuskenyn de fammen mei de lytse tromme.
27Hja sille God priizje yn kloften,
Israels jongerein prizet de Heare.
28Dêr hat Benjamin as lytste de lieding,
de lieders fan Juda yn rigen,
de lieders fan Sebûlon, de lieders fan Naftaly. –
29Kom no fanwegen o God, mei jo macht,
de macht, o God, dy’t Jo ús betoand hawwe,
30út jo wente wei, boppe yn Jeruzalem.
De keningen moatte Jo geskinken bringe.
31Bedriigje it beest yn ’e reiden,
de bollebinde en kealletroep fan ’e folken.
Fertraapje har dy’t gleon op jild binne,
ferstrui de folken dy’t oarloch wolle.
32Eallju sille komme út Egypte
en Etiopiërs mei geskinken foar God by ’t hânfol.
33Sjong God ta, keninkriken fan ’e ierde,
sjong psalmen foar de Hear,sela
34foar Him dy’t troch de oerâlde himelen riidt.
Hark, hoe’n machtich lûd Er jout.
35Erken God syn macht,
Hy is ferheven boppe Israel,
syn krêft is yn ’e wolken.
36Untsachlik is God, as Er út syn hillichdom komt.
Hy is de God fan Israel,
dy’t syn folk macht en sterkte jout.
Heech te priizjen is God!