God hat rêden
1Foar de dirigint. In psalm. In liet.
Jubelje foar God, do hiele ierde,
2besjong de gloarje fan syn namme,
meitsje der in prachtige lofsang op.
3Lit elkenien tsjin God sizze:
Wat binne jo dieden ûntsachlik.
Om jo geweldige krêft dogge jo fijannen
Jo sabeare hulde.
4De hiele ierde moat foar Jo bûge,
foar Jo sjonge en jo namme loovje.sela
5Kom en sjoch Gods dieden,
dy’t yn syn dwaan ûntsachlik is foar de minsken.
6Hy hat de see droech lein,
dat hja koenen mei droege fuotten oerstekke;
dêrom binne wy sa bliid yn Him
7dy’t altyd mei krêft hearsket.
Syn eagen geane oer de folken,
de rebellen hoege net yn opstân te kommen.sela
8Folken, priizje ús God,
lit lûd syn lof wjerklinke.
9Dy’t ús libben de romte
joech en ús fuotten net wifkje liet.
10Want hifke, God, ha Jo ús wol,
ús lottere as it sulver.
11Jo hawwe ús yn it fangnet jage,
ús swiere lêsten op ’e heupen lein,
12minsken oer ús holle ride litten,
wy moasten troch fjoer en troch wetter,
mar Jo hawwe ús yn ’e romte laat.
13Ik kom yn jo hûs mei brânoffers,
ik betelje Jo de beloften
14dy’t ik sels tasein haw,
dy’t ik beloofd haw, doe’t ik yn need siet.
15Brânoffers fan fette skiep wol ik bringe,
tagelyk mei de offerreek fan rammen;
bollen en bokken offerje ik.
16Kom hjir, allegearre dy’t ûntsach hawwe foar God,
harkje, ik wol fertelle
wat Hy foar my dien hat.
17Amper hie ik de mûle opdien,
of ik moast Him al loovje.
18Hie myn hert kwea yn ’t sin hân,
dan hie de Heare net nei my harke.
19Mar no hat God al harke
en acht jûn op myn gebed.
20Heech te priizjen is God,
dy’t myn gebed net ôfwiisd
en my syn geunst net ûntkeard hat.