De trouweleaze freon
1Foar de dirigint. Mei snaarynstruminten. In keunstich liet fan David.
2Hâld it ear iepen, Hear, foar myn bidden,
wês net doof foar myn smeekjen.
3Slaan my acht en jou my antwurd;
ik kom om yn fertwiveling.
4Ik reitsje oerstjoer fan it gerop fan ’e fijân,
fan it geskreau fan ’e ferkearde minsken.
Want se litte ûnheil op my delkomme,
fergrime sitte se my achternei.
5Myn hert krimpt byinoar yn myn boarst,
deadseangsten binne oer my hinne spield.
6Bangens en beevjen komme op my oan
en ûntsetting beset my.
7Ik tocht: Hie ik mar wjukken lykas in do,
dan fleach ik earne hinne en joech my dêr del.
8Ja, ik soe fier fuort flechtsje
en yn ’e wyldernis oernachtsje.sela
9Hastich soe ik ûntwyk sykje,
feilich foar it wankend stoarmwaar.
10Ferbjusterje, Hear, betiizje har spraak,
want ik sjoch geweld en getsier yn ’e stêd.
11Nacht en dei beslûpe se elkoar op ’e muorren,
ûnheil en ellinde is it yn ’e stêd.
12Ferdjer is yn har fermidden,
mishanneling en bedroch wike net fan it plein.
13Want it is gjin fijân, dy’t my beskimpt,
– dat hie ik noch ferneare kinnen.
It is net myn hater, dy’t tsjin my opspat,
– dêr wie ik wol foar oan ’e kant gien.
14Nee, do bist it, myn gelikens,
myn freon en myn goekunde.
15Wy pasten elkoar sa skoan,
yn ’e blide kloft rûnen wy tegearre nei Gods timpel.
16Lit de dea sokken oerfalle,
lit har libbensliif yn it deaderyk sinke,
want ferkeardens is yn har hert,
wêr’t se ek tahâlde.
17Mar ik rop oan God,
de Heare sil my útrêding jaan.
18Moarns, middeis en jûns
moat ik kleie en kermje,
mar Hy sil myn stim hearre.
19Hy hat myn libben losskuord ta behâld,
út ’e striid dêr’t ik yn behelle wie,
want mei man-en-macht wienen se tsjin my.
20God sil hearre en har it antwurd jaan,
Hy dy’t fan âlds op ’e troan sit.
Want hja witte fan gjin ophâlden
en hawwe foar God gjin ûntsach.
21Dy iene sloech sels de hân oan syn maten
en skeinde it freonskipsferbûn.
22Syn mûle wie glêder as bûter,
mar fijânskip hied er yn ’t sin.
Syn wurden liken sêfter as salve,
mar it wienen bleate dolken.
23Lis dyn lêst op ’e Heare,
Hy sil dy oerein hâlde.
Yn ivichheid sil Er net tastean
dat de rjochtfeardige wifket.
24Mar dy oaren, o God, litte Jo sinke
yn ’e djipte fan it grêf.
Dy mannen fan bloed en bedroch
sille de helte fan har dagen net helje.
Mar ik, ik betrou op Jo.