In gebed om help
Foar de dirigint. Mei snaarynstruminten. In keunstich liet fan David.
Doe’t de mannen fan Sif kamen om tsjin Saul te sizzen: Tink derom, David hâldt him by ús beskûl.
O God, jou my útrêding troch jo namme,
help my oan myn rjocht troch jo macht.
O God, harkje nei myn gebed,
hear nei wat myn mûle seit.
Frjemdfolk stiet tsjin my op,
geweldners geane my op it libben.
Hja hawwe God net foar eagen.
Mar sjoch, God is myn stipe,
de Hear is in helper as oars gjinien.
Lit it kwea op myn fijannen weromkomme;
omwille fan jo trou, ferdylgje se!
Hoe reewillich sil ik Jo dan in offer bringe,
tankber sizze, Heare, dat jo namme goed is.
Want út alle need hat Er my rêden
en ik kin op myn fijannen delsjen.