Foar de dirigint. Op machalat. In keunstich liet fan David.
Dwazen tinke by harsels:
Der bestiet gjin God.
Ferdoarn en ôfgryslik binne har dieden,
gjinien dy’t goed docht.
God sjocht út ’e himel del op ’e minsken,
oft der ien is, dy’t syn ferstân brûkt,
ien dy’t God siket.
Allegear binne se ôfwykt,
mei-inoar ûntaarde,
gjinien dy’t goed docht,
hielendal net ien.
Witte al dy kweaminsken dan fan neat,
dy’t myn folk fersline,
net oars as ieten se brea? Mar God neame se net.
Aanst lykwols sille se alhiel ferbjustere stean,
sa’t se noch noait ferbjustere west hawwe,
want God slacht jim fijannen de lea stikken.
Jim sille har beskamme meitsje, want God hat har fersmiten.
Och, kaam der fan ’e Sion mar rêding foar Israel!
As God de grutte omkear bringt foar syn folk,
dan sil Jakob jubelje en Israel wille meitsje.
Je browser ondersteunt geen HTML5 audio.