Gebed fan in gefangene
1Foar de dirigint. Op: In do yn fiere terebinten. Fan David. In gouden liet, doe’t de Filistinen him yn Gat fêsthâlden.
2Wês my genedich, o God, want de minsken sitte my achternei;
myn bestriders driuwe my de hiele dei yn it near.
3Myn benearders sitte my de hiele dei achternei,
want dy’t my bestride binne machtich yn tal.
4De deis dat ik bang wurd
betrou ik op Jo.
5Op God, waans wurd ik priizje,
op God betrou ik sûnder freze.
Wat soe in minske my dwaan?
6De hiele dei jouwe se my bittere wurden yn ’e mûle,
betinke se kwea tsjin my.
7Mei kweade bedoelings beloere se my,
en geane al myn stappen nei:
sa hawwe hja it op myn libben fersjoen.
8Lit se har ûnheil temjitte rinne,
ferdylgje yn jo grime de folken, o God.
9Myn omdoarmjen hawwe jo optekene,
myn triennen opheind yn jo krûk,
– stiet it net by Jo te boek?
10Aanst moatte myn fijannen tebek,
sa gau as ik rop.
Dêr sil ik oan witte
dat God it mei my hâldt.
11Op God, waans wurd ik priizje,
op ’e Heare, waans wurd ik priizje,
12op God betrou ik sûnder freze;
wat soe in minske my dwaan?
13Ik haw Jo beloften dien, o God,
ik betelje Jo myn lofoffers.
14Want Jo hawwe myn libben foar de dea weiskuord
en myn fuotten hoede foar fallen,
dat ik foar Gods antlit
myn paad gean mei yn it libbensljocht.