Yn benearing fan sykte en fan fijannen
1Foar de dirigint. In Davidspsalm.
2Hoe gelokkich is de man, dy’t nei de swakke omsjocht,
de Heare sil him rêde op ’e ûnheilsdei.
3De Heare hoedet him en lit him libje
en hy wurdt yn it lân lokwinske.
God sil him net útleverje oan it begear fan syn fijannen.
4De Heare stipet him op syn sykbêd
en oan al syn kwalen makket Er in ein.
5Sa spriek ik dan: Heare, wês my goedgeunstich,
meitsje my wer better, al haw ik slim tsjin Jo sûndige.
6Mar myn fijannen prate oer myn ûnheil en sizze:
Wannear sil er stjerre en sil syn namme weiwurde?
7As ien fan har op besyk komt, praat er wakker moai,
mar syn hert garret kwea op
en as er bûten komt, seit er it ek lûdop.
8Mei-inoar mûskopje al myn haters tsjin my
en tinke my it slimste ta.
9Se sizze: In minne kwaal benearet him;
dy’t dêr sa leit, sil wol net wer oerein komme.
10Sels myn freon, dêr’t ik op fertroude
en dy’t wol by my iten hat, jout my in traap achternei.
11Mar Jo, Heare, wês my genedich en set my oerein,
dat ik it mei har ferrekkenje mei.
12Hjir sil ik oan witte, dat Jo it mei my hâlde:
as myn fijân net oer my triomfearje sil,
13as Jo my yn myn oprjochtens oereinhâlde,
en as ik foar jo antlit foargoed fêst stean sil.
14Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel,
fan ivichheid oant ivichheid,
amen, amen!