Tank en ferwachting
1Foar de dirigint. In Davidspsalm.
2Ik haw wachte en wachte op de Heare;
doe bûgde Er him nei my ta en hearde myn gekryt.
3Hy helle my út ’e ynstoartende kûle,
út modder en drek.
Hy sette myn fuotten op rotsgrûn
en joech myn trêden fêstichheid.
4Hy joech my op ’e nij in liet yn ’e mûle,
in lofsang op ús God.
Gâns minsken sjogge it, krije ûntsach
en stelle har betrouwen op de Heare.
5Hoe gelokkich is de man,
dy’t alhiel op de Heare fertrout
en net de kant útgiet fan ’e heechmoedigen
en ek net ôfwykt nei de leagengod.
6Geweldich, wat hawwe Jo in wûnders dien
en wat in foarnimmens foar ús útfierd, Heare, myn God.
Nimmen, dy’t Jo belykje kin.
Soe ik it ûnder wurden bringe wolle,
it is tefolle om op te neamen.
7Offers en wijjeften hawwe Jo gjin nocht oan,
mar Jo hawwe my de dove earen iepen makke.
Brân- en skuldoffers fregen Jo net om;
8dêrom haw ik sein: Sjoch, ik kom al
– yn ’e boekrôle is it my foarskreaun –
9om jo sin te dwaan, o myn God.
It is my in lust en jo wet draach ik yn it hert.
10It blide nijs fan jo help fertel ik yn ’e gemeente;
ik kin my der gewoan net stil oer hâlde,
dat witte Jo, Heare.
11Ik haw it net foar my hâlden, hoe’t Jo my holpen ha,
mar fan jo trou en wierheid haw ik sprutsen,
jo geunst en trou koe ik net fan swije yn ’e gemeente.
12Jo, Heare, sille noait
jo barmhertigens foar my taslute,
jo geunst en trou sille my altyd hoedzje.
13Tsjinrampen hawwe my besingele,
se binne net te tellen.
Myn sûnden hawwe my achterhelle,
ik bin dermei oan,
se binne machtiger as de hierren op myn holle,
myn hert bejout him.
14Mei it Jo haagje, Heare, my te rêden,
meitsje oan, Heare, om my te helpen.
15Lit beskamme en foar skande stean,
dy’t it op myn libben fersjoen hawwe.
Lit beskamme tebekskrilje,
dy’t kwea tsjin my yn ’t sin hawwe.
16Lit ferbjustere stean fan har eigen skande,
dy’t tsjin my sizze: Moai sa, moai sa!
17Mar allegearre dy’t Jo sykje,
lit dy wille hawwe en bliid om Jo wêze;
en dy’t fan Jo har rêding begeare,
lit dy aloan sizze: Grut is de Heare!
18En ik, earm en ellindich dat ik bin –
de Hear mei foar my soargje.
Jo binne myn helper en rêder,
myn God, bliuw net wei!