IT TWADDE BOEK: Psalm 42 – 72
Unwennich fan God
1Foar de dirigint. In keunstich liet fan ’e Korachiten.
2Sa’t in ree longeret
nei wetterlopen,
sa longeret myn siele
nei Jo, o God.
3Myn siel hat toarst nei God,
nei de libbene God:
Hoenear mei ik komme
om Gods antlit te sjen?
4Myn triennen binne myn brea wurden
by nacht en by dei,
omdat se hieltyd wer tsjin my sizze:
Wêr bliuwt no dy God fan dy?
5Iderkear sjit it moed my fol,
as ik dêroan tink,
hoe’t ik mei in hiele keppel opgong,
ja, foar har útrûn nei it hûs fan God
ûnder lûde jubel en lof –
ien gûnzjende, feestlike mannichte.
6Wêrom sa ferbûke, myn siele,
wat makkest dy dochs oerstjoer?
Wachtsje op God,
want ienris sil ik Him wer loovje,
myn eigen Ferlosser en myn God.
7Myn siele is yn my ferbûke;
dêrom tink ik oan Jo werom,
út it Jordaanlân en de Hermon,
by de berch Misar wei.
8Wieling ropt wieling op
yn it rûzjen fan jo wetterfallen;
al jo weagen en jo baren
binne oer my hinnegien.
9Oerdeis beskikt God syn geunst
en nachts kin ik noch foar Him sjonge
en bidde ta de God dy’t my it libben jout.
10Tsjin God, myn Rots, sis ik:
Wêrom ferjitte Jo my?
Wêrom moat ik yn ’e rou omrinne
ûnder de druk fan ’e fijân?
11It giet my troch ieren en sinen,
dat myn tsjinstanners my hune
en hieltyd wer tsjin my sizze:
Wêr bliuwt no dy God fan dy?
12Wêrom sa ferbûke, myn siele,
wat makkest dy dochs oerstjoer?
Wachtsje op God,
want ienris sil ik Him wer loovje,
myn eigen Ferlosser en myn God.