In Boeteliet
1In Davidspsalm. Om oer nei te tinken.
2O Heare, kastij my net yn lilkens
en hâld net yn grammoedigens rjochtdei oer my.
3Want jo pylken sjitte yn my del
en jo hân slacht my pynlik.
4Der is gjin gevens mear oan myn fleis troch jo lilkens,
neat gjin sûnens oan myn lea om myn sûnde.
5Want myn skuld waakst my boppe de holle,
it is in fracht, my fierstente swier.
6Myn wûnen rûke en drage
fanwegen myn dwaasheid.
7Ik bin ferslein en slim ferbûke,
al den dei rin ik yn rouklean om.
8Want de heupen steane my yn ’e brân,
gjin gevens is mear oan myn fleis.
9Ik bin ynein en alhiel tebrutsen,
ik skreau it út mei in skriemend hert.
10Al myn begear leit foar Jo bleat, Hear,
myn suchtsjen is foar Jo net ferhoalen.
11It herte jaget my, myn krêft is fergien,
ik haw sels gjin ljocht mear yn ’e eagen.
12Freonen en buorlju hâlde har fier fan myn lijen
en myn sibben bliuwe op in distânsje stean.
13Dy’t my hawwe wolle, sette in strûp;
dy’t op ûnheil briede, prate oer misdieden;
al den dei betinke se leagens.
14Mar as wie ik doof, ik harkje net,
as wie ik stom, ik doch gjin mûle iepen.
15Ik lykje op in man dy’t net hearre kin
en dy’t gjin werwurd yn ’e mûle hat.
16Want op Jo, Heare, wachtsje ik;
Jo sille antwurdzje, Hear, myn God.
17Want ik tink: Om my sille se gjin wille ha
en oer my net grut dwaan, as ik stroffelje.
18Want ik, ik bin nei oan ’t fallen ta
en myn leed haw ik altyd by my.
19Want myn skuld wol ik wier wol wêze
en myn sûnde sit ik slim oer yn.
20Myn fijannen-sûnder-reden binne sterk
en myn haters-sûnder-oarsaak binne manmachtich.
21Sy ferjilde my kwea foar goed,
se binne tsjin my, as ik it goede dwaan wol.
22Lit my net sitte, Heare,
myn God, bliuw net fier fan my ôf.
23Meitsje oan en help my,
Jo, myn Hear, myn Rêder!