Jou it oan de Heare oer
1Fan David.
Wurd net oerstjoer om kweaminsken,
wês net oergeunstich op dogeneaten.
2Want likegau as gers binne se fertoarre,
as it griene gewaaks sa ferwylgje se.
3Betrou op de Heare en doch it goede,
bewenje en beweidzje rêstich it lân.
4Fermeitsje dy yn de Heare,
Hy sil dy jaan wat dyn hert begeart.
5Lit dyn wei op de Heare oankomme,
betrou op Him: Hy makket it foarinoar.
6Hy lit dyn gerjochtichheid daagje as it ljocht
en dyn rjocht strielje as de middeissinne.
7Wês stil foar de Heare en wachtsje op Him;
wurd net oerstjoer as it in man meirint,
dy’t ferkearde dingen yn it sin hat.
8Lit de lilkens gean en jou de nidigens oer,
wês net fergrime: dêr komt neat as kwea fan.
9Want de kweaminsken wurde ferdylge,
mar dy’t op de Heare hoopje, ervje de grûn.
10Noch mar in wink, en de ferkearde is der net mear;
do joust acht op syn wenstee en fuort is it.
11Dan wurde de earmen de grûnbesitters,
hja sille har fermeitsje yn it folle heil.
12De ferkearde bret kwea út tsjin ’e rjochtfeardige
en hy knarst tsjin him mei de tosken.
13De Heare slacht mei sa’n ien de spot,
want Hy sjocht de dei fan syn ûndergong kommen.
14De ferkearden lûke it swurd en spanne de bôge
om de earme en de stumper te reitsjen
en ôf te slachtsjen, dy’t in rjochte wei geane.
15Mar har swurd treft it eigen hert
en har bôge wurdt stikken brutsen.
16Better it lytse bytsje fan ’e rjochtfeardige
as de grutte bult fan ’e ferkearde.
17Want dy ferkearden wurde de earms brutsen,
mar de Heare is de stiper fan ’e rjochtfeardigen.
18De Heare tinkt om de dagen fan ’e oprjochten
en har neiteam bliuwt altyd bestean.
19Sy stean net foar skande yn ’e minne tiid
en yn dagen fan honger sille se sêd krije.
20Mar de ferkearden komme grif om
en de fijannen fan de Heare –
as de pronk fan ’e greiden fergeane se,
se fergeane as reek.
21De ferkearde boarget en betellet net werom,
mar de rjochtfeardige is goedwillich en goederjousk.
22Want dy’t God segenet, wurde de grûnbesitters
en dy’t Hy ferflokt, wurde ferdylge.
23Hy jout stjoer oan ’e fuotstappen fan in man,
Hy stipet waans wei Him oanstiet.
24Mocht sa’n ien al falle, hy bliuwt net lizzen,
want de Heare hâldt him by de hân.
25Ienris wie ik in jonge en no bin ik in âldman,
mar ik haw noch noait in rjochtfeardige ferlitten sjoen,
of dat syn bern biddelje moasten om brea.
26Hy kin altyd wol útjaan en útliene
en dêrom krije syn bern ek in segen.
27Mij it ferkearde en doch it goede,
dan meist hjir altyd wenje.
28De Heare hâldt ommers fan rjocht
en Hy ferjit syn geunstlingen net.
Kweaminsken wurde foargoed útroege
en de bern fan ferkearden ferdylge.
29Mar de rjochtfeardigen sille de grûn besitte
en der ivich op wenje.
30De mûle fan ’e rjochtfeardige sprekt wysheid,
syn tonge praat rjochte taal.
31Yn syn hert is de wet fan God,
syn fuotstappen binne net wif.
32De ferkearde loert op ’e rjochtfeardige
en is derop út him te deadzjen.
33Mar de Heare jout him net yn syn macht,
foar it rjocht lit Er him it pleit net ferlieze.
34Hoopje op de Heare, hâld dy oan syn wei:
Hy sil dy ferheegje en dy de grûn yn besit jaan
en by it ferdylgjen fan ’e ferkearden silsto tasjen.
35Ik seach dat in wrede tiran
him ûntjoech as in waaksjende beam.
36Ik kaam der lâns en sjoch – hy wie wei;
ik socht him, mar – hy wie nearne te finen.
37Tink om de oprjochte en sjoch nei de fromme;
de ein fan dy man is frede.
38Mar de sûnders wurde mei-inoar ferdylge
en de ein fan de ferkearden is ûndergong.
39De útrêding fan ’e rjochtfeardigen komt fan de Heare;
Hy is har stins yn tiden fan need.
40De Heare helpt har en lit har ûntkomme,
Hy lit har ûntkomme en jout útrêding
want se sykje har taflecht by Him.