Mar in hânbree
1Foar de dirigint. Foar Jedûtûn. In Davidspsalm.
2Ik sei wol: Ik sil my te wacht nimme
foar de misslaggen fan myn tonge,
ik sil myn mûle bedimje,
salang’t de ferkearde noch foar my stiet.
3Dochs besaude ik en swijde
en ik waard stil om syn gelok.
Doe begûn myn smert him te roeren,
4it hert waard my gleon fan binnen,
by it mimerjen baarnde der in fjoer
en ik koe it net foar my hâlde:
5Meitsje my myn ein bekend, Heare,
en wat de mjitte is fan myn dagen;
dan wit ik, hoe gau’t it mei my dien is.
6Sjoch, Jo ha myn dagen mar in pear hânbree jûn,
myn libbensdoer, as wie it neat foar Jo.
Suver in sucht is it stean fan elk minske,
7suver in skaad it gean fan in man;
suver om neat makket er him drok,
hy garret op en wit net wa’t it ynpalmje sil.
8Mar wêr wachtsje ik no op, Hear?
Myn hoop is allinne op Jo.
9Skuor my los fan al myn sûnden
en lit my net troch dwazen húnd wurde.
10Ik besau, ik doch gjin mûle iepen:
Jo binne ommers oan it wurk.
11Nim jo pleach by my wei,
ik beswyk ûnder it slaan fan jo hân.
12Kastije Jo immen mei straffen om skuld –
wat moai oan him wie wurdt dan wei as in mot,
want inkeld in sucht is elk minske.
13Harkje nei myn gebed, Heare,
jou oan myn kriten gehoar;
myn triennen, doch dêr it swijen net ta.
Ik bin ommers mar in gast by Jo,
ik wenje by Jo yn as al myn foarfaars.
14Sjoch net sa nei my; lit my wer opfleurje,
ear’t ik hjirwei moat en der net mear bin.