Berop op it rjocht
1In gebed. Fan David.
Harkje nei wat rjocht is, Heare,
slach myn roppen acht,
jou gehoar oan myn bidden;
it komt net fan ûnearlike lippen.
2Lit myn rjocht by Jo weikomme,
lit jo eagen myn earlikens sjen.
3Hifkje Jo myn hert,
ûndersykje Jo it by nacht,
nim Jo de fjoerproef –
Jo fine by my gjin ferkearde bedoelings.
Ik haw myn mûle net foarby praat
4mei it each op it dwaan fan minsken;
ik haw it wurd fan jo lippen be-achte,
5op ûnsljochte wegen stie ik fêst op ’e fuotten,
op jo paden waard myn gong net ûnwis.
6Ik rop om Jo, om’t Jo my antwurd jouwe, God.
Hâld jo ear foar my iepen,
wol myn reden ferstean.
7Meitsje jo geunsten mear as gewoan,
wannear’t Jo mei jo rjochterhân rêde
har dy’t foar de tsjinstanners skûlje.
8Beskermje my as de apel fan it each,
bergje my yn it skaad fan jo wjokken
9foar de ferkearden dy’t oer my hinne wâdzje,
foar de fijannen dy’t rûnom myn libben bedriigje.
10Se hawwe it hert foar meilijen tasletten mei fet
en se skuorre in grutte mûle op,
11se besingelje my stap foar stap,
se binne derop út om my tsjin ’e grûn te slaan,
12as in liuw dy’t sin oan roovjen hat
en as in jonge liuw dy’t op ’e loer leit.
13Oerein Heare, set op him ta,
twing him op ’e knibbels,
rêd troch jo wapen myn libben fan de ferkearde.
14Hâld troch jo hân my by de lju wei, Heare,
dy’t in libben lang har part fan ’e wrâld hân hawwe
en wa’t Jo it liif foltropje út jo foarrie,
sadat har bern der noch genôch oan hawwe
en wat dy oerhâlde noch oan har bern neilitte.
15Mar lit my, as ik jo wil doch, jo antlit sjen
en as ik wekker wurd, my sêdzje oan jo wêzen.