In keningsliet
1Foar de dirigint. Fan de tsjinstfeint fan de Heare, David, dy’t de wurden fan dit liet foar de Heare song, doe’t Dy him út ’e macht fan Saul en fan al syn fijannen rêden hie. Hy sei:
2Ik haw Jo ynlik leaf, Heare, myn sterkte.
3Heare, myn rots, myn stins, myn rêder,
myn God, myn rots dêr’t ik my bergje,
myn skyld, myn sterke befrijer, myn hege stins.
4De Heare, dy’t te loovjen is, haw ik roppen
en ik bin fan myn fijannen ferlost.
5Bannen fan ’e dea besetten my,
floeden fan ferdjer kamen my oer ’t mad,
6stringen fan it deaderyk omfetten my,
falstrikken fan ’e dea strûpten om my hinne.
7Doe’t it my oanfleach, rôp ik oan de Heare,
oan myn God skreaude ik om help.
Ut syn timpel wei hearde Er myn stim
en myn roppen berikte syn earen.
8Dêr skokte en skodde de ierde,
de grûnfêsten fan ’e bergen beven en skokten,
want it baarnde Him yn.
9Omheech fleach de reek út syn noas,
frettend fjoer ta syn mûle út,
gleone stikken stoden baarnende by Him wei.
10Hy twong de himel del en kaam sels omleech,
swarte wolken ûnder syn fuotten.
11Hy klom op in kearûb-ingel en fleach,
Hy saaide op ’e wjokken fan ’e wyn.
12It tsjuster sette Er as tinte om Him hinne;
in skerm fan dûnkere wolken.
13Ut ’e ljochtglâns foar Him skeaten de wolken foarút
mei hagel en stikken fjoer.
14Doe tongere de Heare yn ’e himel,
de Heechste joech dêrwei syn lûd.
15Hy stjoerde syn pylken en fersille myn fijannen,
Hy liet de wjerljocht flikkerje en ferbjustere har.
16De wetterbêdings kamen foar it ljocht,
de grûnfêsten fan ’e ierde leinen bleat
fanwegen jo driigjen, Heare,
en it ferwoedene blazen út jo noas.
17Hy rikte fan omhegen en griep my,
Hy luts my út ’e wetterfloeden wei.
18Hy makke my frij fan myn sterke fijân,
fan haters, my fierstente machtich.
19Se kamen my oer ’t mad op myn ûngeloksdei,
mar de Heare waard myn stipe.
20Hy late my frij yn ’e romte,
Hy rêde my, om’t Er my tagedien wie.
21Hy fergoede my neffens myn trou
en leanne myn skjinne hannen,
22want ik hâlde my oan de Heare syn wegen,
yn goddeleazens wie ’k net ferfrjemde fan myn God.
23Al syn rjochtsregels hâlde ik foar eagen,
syn foarskriften wiisde ik net ôf.
24Ik wie oprjocht foar Him oer
en paste wol op foar de sûnde.
25Hy joech my werom neffens myn trou
en myn hannen, sa skjin yn syn eagen.
26Ja, foar de trouwe binne Jo trou,
foar de oprjochte binne Jo oprjocht,
27foar de reine binne Jo rein,
foar de falske lykwols ûnberekkenber.
28Want Jo rêde it delbûgde folk,
mar grutske eagen litte Jo foardel slaan.
29Jo litte ommers myn lampe ljochtsje, Heare;
myn God makket my it tsjuster ljocht.
30Mei Jo ommers berin ik in binde,
mei myn God bespring ik in skâns.
31De wei fan dizze God is betrouber,
it wurd fan de Heare is suver,
in skyld is Hy foar elk dy’t by Him skûlet.
32Wa ommers is God bûten de Heare,
wa in rots behalven ús God?
33De God, dy’t my gurde mei krêft
en myn wei ûnbesprutsen makke;
34dy’t my fluch makke as de reeën
en op feilige hichten sette;
35dy’t myn hannen de kriich learde,
dat myn earmen de koperen bôge spanne koenen.
36Jo joegen my jo beskermjend skyld,
jo rjochterhân wie myn hâld,
jo soarch makke my sterk.
37Jo joegen myn fuotten romte,
myn ankels wankelen net.
38Ik ferfolge myn fijannen en helle har yn,
ik kearde net om, ear’t se ferneatige wienen.
39Ik sloech se – noait komme se wer oerein;
hja tommelen del foar myn fuotten.
40Jo gurden my mei krêft om te fjochtsjen,
Jo treauwen myn benearders ûnder my del,
41Jo jagen myn fijannen op ’e flecht,
myn haters, ik haw se ferdien.
42Hja rôpen om help, mar der wie gjin helper,
om de Heare, mar Hy antwurde net.
43Ik ferpolvere se as wynderjend túch,
tewâde se as slyk op ’e strjitten.
44Jo rêden my ek út reboelje
en makken my lieder fan de naasjes;
folken dy’t ik net koe, waarden my tsjinstber;
45op it earste gehoar harken se nei my,
fluensk krûpten frjemden foar my,
46ja, frjemden beloeken alhiel
en kamen bang út har stinzen.
47Heil de Heare! Hulde oan de Rots!
Heech de God dy’t my útrêdt!
48De God dy’t my foldwaning joech,
dy’t folken lytsman foar my makke,
49dy’t my ûntkomme liet oan myn ferwoedene fijannen
Jo tilden my boppe myn fijannen út,
Jo rêden my fan mannen-fan-geweld.
50Dêrom wol ik Jo loovje mids de folken,
Heare, en Jo psalmsjonge,
51dy’t syn kening sa faak útrêden hat
en geunsten joech oan syn messias,
oan David en syn neiteam foar ivich.