It skoandere diel
In gouden liet. Fan David.
Hoedzje my, God, want by Jo sykje ik ûntwyk.
Ik sei tsjin ’e Heare: Myn Hear binne Jo,
myn rykdom; neat kin Jo belykje.
Oer de ôfgoaden fan it lân, dy hege machten,
dêr’t ik my alhiel oan ferslingere hie, sis ik:
By dy’t in oare god neirinne, sil it lijen oanwinne;
mei myn hannen sil ik har gjin offers bringe,
har nammen sil ik net iens op myn lippen nimme.
Jo, Heare, binne it taparte diel dat de lotsbeker my joech,
en Jo sille foar my bewarje wat my tafoel.
De mjitsnoeren binne foar my yn skoandere kontreien fallen,
ja, myn erfskip stiet my tige oan.
Sa priizje ik de Heare, dy’t my ried joech,
ja, by nacht warskôget myn binnenste my.
Ik hâld de Heare aloan foar eagen;
Hy is ommers oan myn rjochterhân,
ik sil net wifkje.
Dêrom hat myn hert wille
en myn binnenste jubelet;
ek myn lichem sil feilich wenje.
Want Jo litte myn libben net oan it deaderyk oer,
Jo litte jo fertrouweling de ûngrûn net sjen.
Jo leare my it libbenspaad;
in oerfloed fan freugde is deun by Jo,
leaflikens yn jo rjochterhân,
foar altyd.