Gebed om help en om wolfeart
1Fan David.
Heech te priizjen is de Heare, myn rots,
dy’t myn hannen it oarlogjen
en myn fingers it striden learde.
2O, myn trouwe helper en stins,
myn festing en myn rêder,
myn skyld en skûle,
dy’t folken ûnder my twingt.
3Heare, wat is in minske, dat jo nei him omsjogge,
wat in minskebern, dat Jo om him jouwe.
4De minske is in sucht gelyk,
syn dagen binne flechtige skaden!
5Bûch jo himel del en kom nei ûnderen, Heare,
reitsje de bergen oan, dat se rikje.
6Slingerje de wjerljocht en slach de fijannen út elkoar,
sjit mei jo pylken en bring se yn ûnstjoer.
7Stek dêrboppe wei de hannen út om my te ferlossen
en rêd my út wide wetters,
út de macht fan frjemde minsken,
8dy’t de mûle fol leagens hawwe
en dy’t falske eden dogge.
9O God, ik wol wer in nij liet foar Jo sjonge,
op ’e tsiensnaar Jo psalmsjonge.
10Jo, dy’t keningen de oerwinning jouwe,
dy’t ek David, jo tsjinner, ferlost hawwe,
ferlos my fan it deadlike swurd.
11Rêd my út ’e macht fan frjemde minsken,
dy’t de mûle fol leagens hawwe
en falske eden dogge.
12Meie ús soannen as jonge planten wêze,
dêr’t yn ’e jeugd goed op past is;
en de dochters as hoekpylders,
fynbesnien foar in paleis.
13Meie ús skuorren fol wêze mei iten
fan allerhanne soarte;
lit der keppels komme fan tûzenen,
ja, tsientûzenen op ’e fjilden.
14Mei ús hoarnfee swier fan dracht wêze;
mei der gjin ynfal fan ’e fijannen komme,
mei der gjin úttocht komme
en gjin gejammer op ’e pleinen.
15Gelokkich it folk
dêr’t it sa mei giet.
Gelokkich it folk
dat de Heare as syn God hat.