Gods trou
1Lofliet. Fan David.
Ik wol Jo ferheegje, myn God en kening
en jo namme priizje ivich en altyd.
2Dei oan dei wol ik Jo priizje
en jo gerjochtichheid bejubelje.
3De Heare is grut en heech te priizjen,
syn gruttens is net te befiemjen.
4Fan âlder op âlder moatte se jo wurken romje
en jo geweldige dieden ferkundigje.
5Se moatte fan ’e hearlike gâns fan jo heechheid sprekke
en jo wûnderdieden fertelle,
6it geweld fan jo ûntsachlike dieden te witten dwaan
en fan jo grutte dieden gewach meitsje.
7As se dêroan tinke, hoe wûndere goed Jo binne,
dan moatte se it wol útroppe
en jo gerjochtichheid bejubelje.
8Genedich en barmhertich is de Heare,
langmoedich en fol goede geunst.
9Goed is de Heare foar elkenien,
syn barmhertigens giet oer al wat Er makke hat.
10Al jo wurken moatte Jo tankje, Heare,
en jo geunstlingen moatte Jo priizje.
11Se moatte de gloarje fan jo keningskip útsizze
en sprekke fan jo heldekrêft,
12om it minskdom jo geweldige dieden bekend te meitsjen,
de hearlike glâns fan jo keningskip.
13Jo keningskip bliuwt ivich
en jo bewâld giet oer alle geslachten.
Trou is de Heare yn al syn sizzen
en goedgeunstich yn al syn dwaan.
14De Heare hâldt oerein al wa’t oan it fallen ta is
en alle delbûgden helpt Er oerein.
15Alle eagen sjogge út nei Jo
en Jo jouwe har op ’e tiid it iten.
16Jo hâlde de hân iepen en
al wat libbet jouwe Jo sêd, sa’t Jo wolle.
17Rjochtfeardich is de Heare yn al syn wegen,
goedgeunstich yn al syn wurken.
18De Heare is deun by al wa’t om Him ropt,
al wa’t om Him ropt mei ynmoed.
19Hy docht wat frommen begeare;
Hy heart har bange rop en ferlost har.
20De Heare hoedet elk dy’t Him leafhat,
mar de sûnders ferdylget Er allegearre.
21Myn mûle moat de lof fan de Heare útsizze
en al wat libbet moat syn hillige namme priizje,
ivich en altyd.