Op hoop tsjin hoop
1In Davidspsalm.
Heare, hear myn gebed,
harkje nei myn smeekjen.
Ferhear my yn jo trou,
om jo gerjochtichheid.
2Gean mei jo tsjinner net yn ’e pleit,
want gjin minske is foar Jo rjochtfeardich.
3In fijân sit achter my oan,
hy trapet my al yn ’e grûn
en lit my yn ’e tsjusternis wenje,
lykas sij dy’t al lang wei binne.
4Dêrom bejout him myn geast
en is myn hert ferbjustere.
5Ik tink oan ’e dagen fan alear,
ik gean al jo dieden nei,
ik bemimerje it wurk fan jo hannen.
6No stek ik de hannen nei Jo út,
ik smachtsje nei Jo as toarstige grûn.
7Jou mei hasten antwurd, Heare,
myn geast is ynein;
kear Jo net fan my ôf,
dat ik net ien fan harren wurd,
dy’t yn it grêf delsonken binne.
8Lit my yn ’e moarntyd jo geunst fernimme,
want ik betrou op Jo.
Wiis my de wei, dy’t ik gean moat,
want ik ferlangje nei Jo.
9Rêd my fan myn fijannen, Heare,
want by Jo is myn ûntwyk.
10Lear my jo wil te dwaan,
want Jo binne myn God.
Lit jo goede Geast my liede
op in sljochte baan.
11Om jo namme, Heare, gun my it libben;
om jo gerjochtichheid, rêd my út it gefaar.
12Yn jo geunst, ferdylgje myn fijannen,
ferdoch allegear, dy’t my benearje;
ik bin ommers jo tsjinner.