Oanfjochting
1In Davidspsalm.
Heare, ik rop om Jo, kom mei hasten by my,
harkje, no’t ik lûd om Jo rop.
2Lit myn gebed as wijreek nei Jo opstige,
en lit myn opstutsen hannen in jûntydsoffer wêze.
3Set, Heare, in wacht foar myn mûle
en hoedzje de doar fan myn lippen.
4Lit myn hert net oerhingje nei it ferkearde,
oars soe ik my slim besûndigje kinne.
Al hoe’t kweaminsken my ek lokje,
lit my net priuwe fan har swiet.
5In rjochtfeardige mei my slaan, dat docht my deugd,
as dy my ôfstraft, is it as oalje op myn holle.
As se yn it lijen komme,
bliuw ik noch biddende;
6As se yn ’e hurde hân fan har rjochters falle,
dan sille se noch altyd hearre,
hoe freonlik myn wurden binne.
7As hie immen de ierde ploege en iepenskuord,
sa lizze ús bonken strak ferstruid,
de mûle fan it deaderyk is iepen.
8Mar, Heare, myn God, nei Jo sjogge myn eagen
en by Jo sykje ik myn taflecht;
smyt myn libben net wei yn ’e dea.
9Hoedzje my foar de strûp dy’t se my spanne,
en foar de falnetten fan kweadoggers.
10Lit de ferkearden yn har eigen kûlen falle,
wylst ik myn wegen gean.