Gebed om beskerming
1Foar de dirigint. In Davidspsalm.
2Rêd my, Heare, fan ’e ferkearde minsken,
bewarje my foar de mannen, dy’t geweld brûke,
3dy’t kwea útbriede
en alle dagen striid geande meitsje.
4Har tonge is skerp as dy fan slangen
en njirrefergif stiket achter har lippen.
5Hâld my út ferkearde hannen wei, Heare,
bewarje my foar mannen dy’t geweld brûke,
dy’t my ûnder fuotten stompe wolle.
6Drystmoedigen hawwe my temûk in strûp set,
se spanne in net op myn paad,
se sette in fâle foar my klear.
7Ik sis tsjin de Heare: Jo binne myn God,
hâld it ear nei myn lûd smeekjen.
8Heare, myn God, jo krêft sil my rêde
en Jo beskermje my de holle, as de slach falt.
9Heare, lit de plannen fan ’e ferkearden mislearje,
lit se net ta har doel komme,
10en as myn benearders de kop opstekke,
lit dan it kwea dat se foar hawwe, op harsels delkomme.
11Gleon fjoer mei op har delreine,
mei God har yn it fjoer falle litte,
yn djipten dêr’t se net wer útkomme.
12Lit de lastertonge op ierde net bestean
en lit de geweldner troch syn eigen kwea opjage wurde.
13Ik wit, dat de Heare yn ’e pleit giet foar de ellindige
en dat Er de earme rjocht docht.
14Jawis, de rjochtfeardigen sille jo namme tankje,
de oprjochten altyd by Jo bliuwe.