Nimmen jout om my
1In keunstich liet. Fan David, doe’t er yn ’e hoale siet. In gebed.
2Lûd rop ik om de Heare,
lûd smeekje ik ta de Heare,
3foar Him sis ik myn klacht út,
oan Him fertel ik al myn need.
4As myn geast him yn my bejout,
dan witte Jo hoe’t it der mei my foarstiet.
Op it paad, dat ik gean,
ha se temûk al in strûp set.
5Stean ik út te sjen nei rjochts,
gjinien dy’t my achtslacht.
Der is foar my gjin ûntkommen oan
en gjin minske bekroadet him om my.
6No rop ik, Heare, oan Jo,
en ik sis: Jo binne myn taflecht,
it iennichste dat my yn it libben oerbleaun is.
7Jou acht op myn gekryt,
want ik bin der min oan ta.
Ferlos my fan myn ferfolgers,
want se wurde my oermânsk.
8Befrij myn libben út ’e boeiens,
dat ik jo namme tankje mei.
De rjochtfeardigen wachtsje derop,
dat Jo my goed dwaan sille.