Ut ’e djipte wei ...
In beafeartsliet.
Ut ’e djipte wei rop ik Jo, Heare.
Hear, harkje nei myn stim.
Lit jo earen dochs acht jaan
op myn lûd smeekjen.
As Jo, Heare, my de sûnden oanrekkenje,
o Hear, wa kin dan steande bliuwe?
Mar Jo kinne ferjaan
en dêrom hat men ûntsach foar Jo.
Ik wachtsje op ’e Heare,
mei hert en siel wachtsje ik,
ik hoopje op syn belofte.
Mei hert en siel sjoch ik út nei de Heare,
mear as wachters nei de moarntyd,
wachters nei de moarntyd.
Wachtsje, Israel, op de Heare,
want by de Heare is genede,
by Him is folsleine ferlossing.
Ja, Hy sil Israel ferlosse
fan alle ûngerjochtichheid.