Psalmen 131
As in bestille bern
1In beafeartsliet. Fan David.
It hert sit my net heech, Heare,
en myn eagen binne net grutsk;
it is my net te rêden om dingen
dy’t my te heech binne
en my boppe de macht geane.
2Nee, ik ha mysels alhiel bedimme en bestille
as in ôfwend bern by syn mem.
Ja, as in ôfwend bern bin ik.
3Wachtsje do, Israel, op de Heare
fan no ôf oant yn ivichheid.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap