Psalmen 129
Gjin segen foar Sions haters
1In beafeartsliet.
Fan bern ôf oan hawwe se my faak beneare,
– moat Israel sizze –
2fan bern ôf oan hawwe se my faak beneare,
mar se koenen my net oer.
3Ploegers hawwe my de rêch teploege,
se hawwe lange fuorgen lutsen,
4mar de Heare, dy’t rjochtfeardich is,
hat de stringen fan ’e sûnders lossnien.
5Allegearre dy’t Sion haatsje
sille te skande stean en tebekskrilje.
6Se sille wêze as gers op ’e dakken,
dat al fertoarret, ear’t it der ôflutsen wurdt;
7dêr’t de meaner gjin hânfol fan garret
en de skeavebiner gjin earmfol.
8Net ien foarbygonger sil tsjin har sizze:
De segen fan ’e Heare wês mei jimme!
Wy segenje jim yn ’e namme fan ’e Heare!
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap