Psalmen 128
In lokkich libben
1In beafeartsliet.
Wat in gelok foar elk,
dy’t ûntsach hat foar de Heare
en dy’t op syn wegen giet.
2Want do meist ite
wat dyn hannen beskrept hawwe.
Wat in gelok foar dy,
it stiet der goed mei dy foar.
3Dyn frou is in fruchtbere wynstôk
by dy yn ’e hûs
en dyn bern binne olivesteklingen
by dy om ’e tafel.
4Sa wurdt no de man segene,
dy’t ûntsach foar de Heare hat.
5De Heare mei dy segenje út Sion wei,
dan silsto al dyn libbensdagen
it lok fan Jeruzalem sjen
6en dyn bernsbern derby!
Frede oer Israel.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap