Psalmen 127
De ûnmisbere segen
1In beafeartsliet. Fan Salomo.
As de Heare it hûs net bout,
om ’e nocht wurkje de bouwers dêroan;
as de Heare de stêd net hoedet,
om ’e nocht is de wachter op syn iepenst.
2Om ’e nocht is it,
dat jimme der ier-en-betiid ôfkomme
en let op bêd geane,
en sa it soer fertsjinne brea ite –
dy’t Er leafhat, jout Er it yn ’e sliep.
3Sjoch wat de Heare taskikt: soannen!
en in goed lean: de frucht fan ’e memmeskurte!
4As pylken yn ’e hân fan in held,
sa binne de soannen fan jim jonge jierren.
5Hoe gelokkich is de man,
dy’t syn koker dêr fol fan hat.
Hy sil net foar skande stean,
as er yn ’e poarte syn tsjinstanners te wurd stiet.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap