Psalmen 126
De Heare hat grutte dingen dien
1In beafeartsliet.
Doe’t de Heare it tij fan Sion kearde,
wie it suver as dreamden wy.
2Us mûle die oars net as laitsjen
en ús tonge wie kleare blydskip.
Doe seinen se by de folken:
De Heare hat grutte dingen oan har dien.
3De Heare hat ek grutte dingen oan ús dien,
dêrom wienen wy sa bliid.
4Bring dan in kear yn ús lot, o Heare,
lykas bart mei de beken yn it suderlân.
5Dy’t mei triennen siedzje,
sille mei jubel sichtsje.
6Skriemend giet er syn paed,
de man dy’t de sieddelsek draacht;
mar jubeljend komt er thús,
as er de skeaven oandraacht.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap