By God yn ’e pleit
Wêrom, Heare, steane Jo fan fierren,
ferbergje Jo Jo yn benaude tiden?
Drystwei ferfolget de ferkearde de ellindige.
Lit har betiisd reitsje yn ’e plannen dy’t se betochten.
Want de ferkearde giet grut op syn begearten.
Hy segent de woekerwinst en ferachtet de Heare.
De ferkearde, mei de noas yn ’e wyn, tinkt dat God gjin rekkenskip freget.
God is der net, is alles wat er tinkt.
Sa’n hannelwize docht neffens him altyd fertuten
en jo oardielen binne foar him fierôf as de himel.
Hy tinkt: Ik hâld it wol op fuotten;
de geslachten troch sil ik net kwea weikomme.
Fol flok is syn mûle, fol falskens en geweld;
gemienens en ûnheil hat er ûnder de tonge.
Hy leit op ’e loer by de ôffredings,
yn skûlhernen makket er ûnskuldigen kâld,
syn eagen steane op ’e wiuw nei de stumpers.
Hy leit te loeren yn ’e skûle as in liuw yn it strewel,
hy loert om de ellindigen te fangen,
hy bestrûpt de ellindigen yn syn net:
Hy dûkt him, wachtet, ree ta de sprong,
en mei de hiele hûd falt er de stumpers op ’e lea.
Hy tinkt dan: It is God al fergetten,
Dy hat Him ôfkeard en der neat fan sjoen.
Oerein, Heare, ûnderhelje jo hân, o God,
ferjit de ellindigen net.
Wêrom soe dy ferkearde God ferachtsje
en by himsels tinke, dat Jo gjin rekkenskip freegje?
Jo, krekt Jo, sjogge gemienens en fertriet.
Jo besjogge it om it dan yn hannen te nimmen
en oan Jo jout de stumper, dy’t allinnich stiet, it oer;
Jo binne syn helper wurden.
Brek de earm fan de ferkearde en de sûnder,
betelje him syn wandied sa,
dat Jo him net wer fine kinne.
De Heare is kening, foar ivich en foargoed,
de heidens binne weiwurden út syn lân.
De begearte fan ’e deemoedigen hawwe Jo heard, Heare.
Jo hawwe har it hert besterke en nei har roppen harke,
om rjocht te dwaan oan dy’t allinnich is en ferhûddûke wurdt.
Lit gjin minske fan dizze ierde oait mear ien bang meitsje!