De rêder yn benaudheid
1Foar de dirigint. Op: Stjer foar de soan. In Davidspsalm.
2Ik wol de Heare loovje mei myn hiele hert,
al jo wûnderdieden ferhelje,
3ik wol bliid om Jo jubelje,
jo namme besjonge, o Heechste.
4Doe’t myn fijannen tebekskrillen,
stroffelen se en kamen om, fanwegen Jo.
5Want Jo hawwe foar myn rjocht yn ’e pleit west,
Jo binne sels as rjochtfeardige rjochter op ’e troan sitten gien.
6Jo hawwe de folken ôfstraft, de ferkearden ferdylge,
har namme útfage foar ivich en altyd.
7De fijân is oan ’e ein, foargoed in púnfal,
de stêden hawwe Jo ferwoeste; der wurdt net iens mear oan tocht.
8Mar de Heare sit foar ivich op ’e troan,
Hy hat syn troansit klear set om te rjochtsjen.
9Hy rjochtet de ierde rjochtfeardich,
Hy jout de folken earlik har rjocht.
10Sa is de Heare in stins foar de ferdrukte wurden,
in stins yn benaude tiden.
11Op Jo betrouwe, dy’t jo namme kenne,
want Jo, Heare, ferlitte net, dy’t Jo sykje.
12Sjong foar de Heare, dy’t op ’e Sion troanet,
fertel ûnder de folken syn dieden,
13want Hy wreekt it bloed fan ûnskuldigen en tinkt oan har,
Hy ferjit it kriten fan ’e ellindigen net.
14Wês my genedich, Heare,
sjoch nei de ellinde dy’t myn haters my oandogge,
Jo, dy’t my feilich út ’e poarten fan ’e dea weihelje,
15dat ik al jo lof beneame mei,
om jo help jubelje yn ’e poarten fan dochter Sion.
16Fallen binne de folken yn it grêf dat se foar oaren dold hienen,
yn it net dat se útset hienen, is har eigen foet bestrûpt.
17De Heare hat fan him witte litten, Hy hat rjochtdei hâlden,
yn it wurk fan syn eigen hannen is de ferkearde fertiisd rekke.higgajon, sela
18De ferkearde minsken komme yn it deaderyk te lâne,
alle folken dy’t God ferjitte.
19Want net foargoed sille de earmen fergetten wurde,
net foar altyd sil de hoop fan ’e ellindigen fergean.
20Oerein, Heare, lit de minske net triomfearje,
lit de folken troch Jo te plak set wurde.
21Meitsje har sa bang, Heare,
dat se witte, dat se mar minsken binne!