Psalmen 11
As de fûneminten har bejouwe
1Foar de dirigint. Fan David.
As ik by de Heare ûntwyk fyn,
hoe kinne jim dan tsjin my sizze:
Flean as in fûgel de bergen yn?
2Want dy ferkearden dêre spanne de bôge,
se hawwe de pylk al op ’e koarde lein
om yn it tsjuster te sjitten op minsken
dy’t it hert op it rjochte plak hawwe.
3As de fûneminten har bejouwe,
wat kin de rjochtfeardige dan noch út ’e wei sette?
4De Heare is yn syn hillige timpel,
de troan fan de Heare is yn ’e himel,
Hy skôget de wrâld,
syn eagen hifkje de minskebern,
5de Heare hifket rjochtfeardigen en ferkearden
en syn hiele wêzen hatet minsken dy’t fan geweld hâlde.
6Op dy ferkearden lit Er stikken fjoer en swevel reine
en in gleone stoarmwyn jout Er har foar de toarst.
7Want rjocht is de Heare,
Hy hâldt fan rjochte dieden
en oprjochten sille Him yn ’e eagen sjen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap