1Asto by in hearsker dy ta it miel setst,
tink dan allinnich oan wat foar dy stiet.
2Set dy sels it mes op ’e kiel,
asto al te roppich bist;
3wês net slij nei al dat lekkere iten fan him;
it is iten dat dy min bekomme sil.
4Skrep net sa om ryk te wurden,
sjoch der leaver ôf;
5sadreest dernei sjochst, is de rykdom wei,
hy makket him ynienen wjukken
as in earn dy’t de loft ynfljocht.
6Yt gjin brea fan in kweagunder,
wês net slij nei dat lekkere iten fan him;
7want ien mei bybedoelings, dàt is er:
‘Yt en drink’ seit er tsjin dy,
mar hy mient it dy net.
8De hap dysto nommen hast, moast wer útspuie,
en dyn goede wurden wienen om ’e nocht.
9Praat mar net foar de earen fan in domkop,
want hy ferachtet dyn ferstannige taal.
10Ferlis de oerâlde grinsstiennen net
en kom net oan it lân fan ’e wezen,
11want Hy dy’t it foar har opnimt is sterk;
Dy giet tsjin dy foar har yn ’e pleit.
12Kear dyn hert nei de tucht
en dyn earen nei wize wurden.
13Besparje in knaap de tucht net,
want hy bestjert it net, ast him mei de stôk slachst.
14Do slachst him wol mei de stôk,
mar do rêdst syn libben fan it deaderyk.
15As dyn hert wiis is, myn soan,
dan is myn hert bliid;
16en ik kin ynwindich wol sjonge,
as dyn lippen sizze wat rjocht is.
17Lit dyn hert net oergeunstich wêze op ’e sûnders,
mar op ’e minsken dy’t de Heare freezje,
18want dan is der takomst
en dyn hope sil net fergees wêze.
19Harkje mar, myn soan, en wurd wiis,
jou dyn omtinken oan ’e goede wei.
20Jou dy net ôf mei wynsûpers
en lju dy’t har oan fleisiten te bûten geane,
21want sûpers en fretters wurde earm
en troch sleauwens komt men yn fodden te rinnen.
22Harkje nei jim heit dy’t dy wûn hat
en ferachtsje jim mem net as se op jierren komt.
23Keapje wierheid en ferkeapje se net wer:
wysheid, tucht en ynsjoch.
24De heit fan in rjochtfeardige is bliid
en dy’t in wize soan wûn hat, ferblidet him.
25Lit dan jim heit en mem bliid wêze
en lit jubelje dy’t dij berne hat.
26Myn soan, jou my dyn hert
en lit dyn eagen nocht oan myn wegen hawwe.
27Want in hoer is in djippe grêft
en in nauwe put is de frjemde frou.
28Hja leit op ’e loer as in rover
en makket gâns manlju ûntrou.
De wyndrinker
29Wa hat it slim? Wa docht it sear?
Wa kriget rûzje? Wa sit te grinen?
Wa beseart him ûnnedich? Wa hat sa’n flauwe eachopslach?
30Dy’t ta de nacht út oan ’e wyn sitte
en komme om de mongene wyn te priuwen.
31Sjoch der net nei, hoe read de wyn is
en hoe’t er pearelt yn ’e beker;
sêft glydt er nei ûnderen,
32mar achternei byt er as in slange
en spuitet fergif as in njirre.
33Dyn eagen komme frjemde dingen te sjen
en dyn hert sil nuvere wurden opjaan.
34Do likest wol ien dy’t midden yn ’e see leit
of sliept yn it topke fan ’e mêst.
35Do seist: Se hawwe my slein, mar it die net sear,
se sloegen derop los, mar ik haw der neat fan murken –.
As ik wer wekker bin, wol ik noch mear hawwe.