Ferskaat fan libbensrigels
Wês net oergeunstich op kweaminsken
en sykje har selskip net,
want har hert is op geweld út
en har lippen komt ûnheil fan.
Troch wysheid wurdt in hûs boud
en troch ynsjoch wurdt it befêstige,
troch kundichheid wurde de keamers fol set
mei kostbere en skoandere dingen.
In wiis man is in sterk man
en in kundich man set krêft,
want mei goede lieding kinne jo oarloch fiere
en de oerwinning wurdt behelle troch gâns berie.
De wysheid is te heech foar de dwaas,
hy docht yn ’e poarte gjin mûle iepen.
Wa’t altyd mar kwea dwaan wol,
dy neame se in earsten dogeneat.
It betinken fan dwaasheid is sûnde
en spotten hawwe de minsken in ôfgriis fan.
Asto yn tiid fan need gjin hân útstekst,
dan krigest it yn dyn bêste tiid nochris krap.
Rêd dêrom de minsken dy’t de dea ynsleept wurde
en help de lju dy’t nei de slachtbank strompelje.
Want asto seist: Wy wisten fan neat –
soe Hy, dy’t de herten peilet, soks net witte
en Dy’t troch dyn siele hinnesjocht, soks net merke
en soe Hy in minske net ferjilde nei syn dwaan?
Yt hunich, myn soan, want it is lekker,
en hunichseam is swiet foar dyn ferwulft.
Wit dat wysheid sokke hunich foar dy is:
Hasto dy fûn, dan is der takomst
en dyn ferwachting sil net beskamme wurde.
Loer net op ’e went fan ’e rjochtfeardige, o sûnder,
en ferniel syn sliepstee net,
want de rjochtfeardige kin sân kear falle en komt dochs wer oerein,
mar sûnders sille stroffelje as it ûnheil komt.
As dyn fijân falt, moatsto net bliid wêze,
en as er stroffelet, lit dyn hert dan net jubelje;
de Heare mocht it ris sjen en it net goed fine,
en syn grime fan ’e man ôfkeare.
Wyn dy net op oer de kweaminsken
en wês net oergeunstich op ’e goddeleazen,
want in ferkeard minske hat gjin takomst
en de goddeleaze syn lampe giet út.
Myn soan, haw ûntsach foar de Heare en foar de kening
en jou dy net ôf mei reboeljemakkers,
want ûnferwachts komt har ûndergong
en wa wit hoefolle jierren har ûnheil duorret?
Taheakke
Ek dit binne spreuken fan wize minsken:
It is net goed en sjoch by de rjochtspraak immen nei de eagen.
Dy’t tsjin ’e skuldige seit: Do hast gelyk,-
folken sille him ferwinskje en naasjes him ferflokke.
Mar dy’t rjocht oardielje, dêr giet it goed mei,
de segen en it goede komme oer har.
Dy’t in earlik antwurd jout,
jout in tút op ’e lippen.
Meitsje earst bûtendoar dyn wurk dien
en bring op it fjild de boel yn oarder;
gean dan hinne en bou oan dyn hûs.
Wês net te gau getuge tsjin dyn neiste.
Do wolst dochs gjin minske mei dyn lippen ferbjusterje?
Sis net: Ik doch him sa’t er my dien hat;
ik wol de man ferjilde nei syn dwaan.
Ik kaam by de bou fan in luiwammes lâns
en by it druvehôf lâns fan in man sûnder ferstân.
Sjoch, it wie alhiel oergroeid fan ’e stikels,
folslein bedutsen mei brânnettels
en de stiennen muorre wie in púnfal.
Ik murk it op en triek it my oan,
ik seach it en naam der learing út:
Noch efkes sliepe, noch efkes slomje,
noch efkes bekomme mei de hannen oer elkoar, –
de earmoede oerfalt dy as in rover
en de krapte fan brea as in wapene man.