In goede namme giet boppe in slompe jild,
achting betsjut mear as sulver en goud.
Ryk en earm komme elkoar tsjin,
de Heare is de Skepper fan beide.
De skrandere sjocht it ûnheil en hâldt him beskûl,
mar de ûnnoazelen geane har gong en moatte bliede.
In gefolch fan deemoed en ûntsach foar de Heare
is rykdom, eare en in lang libben.
Stikels en strûpen binne der op ’e wei fan in skarlún,
dy’t op himsels past, bliuwt der fier fandinne.
Belear de knaap by it begjin fan syn wei,
dan sil er by it âlderwurden der ek net ôfwike.
De rike is baas oer de earme lju
en dy’t lient komt ûnder syn jildsjitter te sitten.
Dy’t ûnrjocht sieddet, rispet ûnheil,
en syn oermoed is de stôk dy’t him slacht.
Dy’t freonlik fan each is, wurdt segene,
om’t er fan syn brea oan ’e earme jout.
Jei de spotter fuort en it tsieren is dien,
it is út mei it gekreau en geskimp.
Wa’t hâldt fan in suver hert en freonlike lippen,
de kening is syn freon.
De eagen fan de Heare hâlde wacht oer de kennis,
mar de wurden fan ’e trouweleaze lit Er op neat útrinne.
De luiwammes seit: Der is in liuw bûtendoar,
midden op ’e wei kin ik wol deamakke wurde.
De mûle fan in frjemd frommis is in djippe grêft,
de man dêr’t de Heare lilk op is, sil deryn falle.
Sit de dwaasheid fêst yn it hert fan in knaap,
de stôk fan ’e tucht slacht it der wer út.
Set de earme ûnder druk en jo meitsje him riker,
jou oan ’e rike, dan wurdt er earm.
Wurden fan wize minsken
Hâld dyn ear iepen en harkje nei de wurden fan wizen
en jou omtinken oan myn wittenskip.
Want leaflik is it, asto se fan binnen bewarrest
en asto se aloan op ’e lippen hast.
Datsto dyn betrouwen op ’e Heare sette silst,
dêrom meitsje ik dy hjoed syn wegen bekend.
Wol tritich spreuken haw ik foar dy opskreaun
fol wize rie en kennis.
Sa bring ik dy yn ’e kunde mei betroubere wurden,
datsto goed antwurd joust oan ’e man, dy’t dy stjoerd hat.
Beroovje de mindere man net om ’t er earm is
en fertraapje de stumper net yn ’e poarte,
want de Heare giet foar har yn ’e pleit
en har berovers sil Hy fan it libben beroovje.
Jou dy net ôf mei in hjithollich man
en haw gjin gedoente mei in driftkop,
oars wenst oan syn paden
en setst dy sels in strûp.
Wês net fan it soarte dat de hânslach jout
en boarch stiet foar oarmans skulden,
want asto net betelje kinst,
helje se it bêd ûnder dy wei.
Ferlis de oerâlde grinsstiennen net,
dy’t dyn foarfaars fêstset hawwe.
Sjochst de man dy’t sa handich is yn syn wurk?
By keningen is er yn ’t wurk
en net mear by gewoane minsken.