It hert fan ’e kening is as wjitteringen yn ’e hân fan de Heare;
Hy liedt se dêr’t Er se hawwe wol.
Elke wei fan in minske liket him wol rjocht ta,
mar de Heare hifket de herten.
Gerjochtichheid en rjocht dwaan
giet by de Heare fier boppe offers.
Grutske eagen en in heechmoedich hert,
dêr’t ferkearde minsken nocht oan hawwe, is sûnde.
De plannen fan in warber minske bringe kleare winst,
mar elk dy’t al te hastich is, sil skea lije.
Wa’t rykdommen wint troch in falske tonge,
rekket ûnnedich yn ’e falstrikken fan ’e dea.
It geweld sleept de sûnders sels mei,
want hja wegerje rjocht te dwaan.
Der sitte bochten yn ’e wei fan ’e bedrager,
mar it dwaan fan in earlik minske giet rjocht op it doel ôf.
Men kin better wenje op ’e hoeke fan it dak
as mei in fekke fan in frou yn itselde hûs.
De sûnder hat it sin set op it kwea,
syn meiminske kin gjin goed by him dwaan.
As de spotter bliede moat, wurdt de simpele wiis
en hy wol ek wol oannimme, as de wize ûnderrjocht krijt.
De rjochtfeardige slacht it hûs fan ’e sûnder acht,
as God de sûnder yn it ferdjer stoart.
Dy’t it ear slút foar it roppen fan ’e earme,
sil sels ek roppe sûnder antwurd te krijen.
In jefte ûnder de tafel troch bestillet de lilkens
en in geskink ûnder de mantel de slimste grime.
De rjochtfeardige hat nocht oan rjochtdwaan,
mar dat is in skrik foar kweaminsken.
De minske dy’t fan ’e ferstannige wei ôfdwaalt,
komt pas ta rêst yn ’e gearkomste fan ’e skimen.
Dy’t tefolle fan setten en pretten hâldt, sil krapte hawwe
en dy’t tefolle fan wyn en oalje hâldt, wurdt net ryk.
De sûnder is de lospriis foar de rjochtfeardige
en de trouweleaze wurdt opoffere foar de oprjochte.
Men kin better yn ’e wyldernis wenje
as by in fekke mei argewaasje derop ta.
Yn it hûs fan ’e wize binne gâns kostberheden en oalje,
mar in dwaas minske bringt alles dêrtroch.
Wa’t it om gerjochtichheid en leafde te dwaan is,
fynt libben, gerjochtichheid en eare.
In wiis man bestoarmet in stêd fan helden
en fernielt it bolwurk dêr’t se op fertrouden.
Dy’t syn mûle en tonge beskermet,
beskermet syn libben tsjin benearingen.
De oerdwealske oermoedige, syn namme is spotter
en allinnich hy is troch alles hinne dryst.
De begearte fan in luiwammes bringt him ta de dea,
want syn hannen wegerje om te arbeidzjen.
De albegear begeart de hiele dei,
mar de rjochtfeardige jout sûnder ophâlden.
It offer fan in sûnder is in ôfgriis,
foaral as er it mei in bybedoeling bringt.
In falske getuge sil omkomme,
mar ien dy’t it sels heard hat, hat rjocht fan praten.
De sûndige man set in brutaal gesicht,
mar de oprjochte giet rjochte wegen.
As men foar de Heare oer komt te stean,
helje wysheid, ynsjoch en goede rie neat út.
Al slacht men it hynder yn foar de dei fan ’e slach,
de oerwinning moat fan de Heare komme.