1De wyn is in spotter, de drank in droktemakker,
elk dy’t him dêroan te bûten giet, is net felle wiis.
2De grime fan in kening is as it brinzgjen fan in liuw,
wa’t dy geande makket, ferspilet syn libben.
3Ophâlde mei kreauwen strekt in man ta eare,
mar elke dwaas mei der graach mei begjinne.
4Omdat de luiwammes hjerstmis net ploeget,
dêrom fynt er yn ’e rispinge neat.
5Wat in man yn ’e holle hat, is net te bedjipjen,
mar ien mei ferstân wit it wol te trochgrûnjen.
6In bulte minsken roppe oer har eigen goeddwaan,
mar wa fynt ien dy’t te fertrouwen is?
7In rjochtfeardige dy’t oprjocht syn wei giet –,
wat binne dy syn bern letter gelokkich!
8As in kening op ’e rjochterstoel sit,
wit er mei syn eagen alle ferkeardens út te skiftsjen.
9Wa kin sizze: Ik haw myn hert suvere
en ik bin frij fan ’e sûnde?
10Twadderlei weachstien en twadderlei mjitte,
dy beide hat de Heare in ôfgriis fan.
11Yn syn hâlden en dragen lit in jonge him al kenne,
oft syn dwaan suver en earlik wêze sil.
12It ear dat heart en it each dat sjocht,
de Heare hat se beide makke.
13Wês net sa sljocht nei sliepen, oars wurdst earm,
mar hâld de eagen iepen, dan silsto de romte fan brea hawwe.
14In miskeap, in miskeap! sil de keaper sizze,
mar as er fuortgiet, jout er der heech fan op.
15Der is goud en der binne kralen genôch,
mar ferstannige lippen binne in kostber sieraad.
16Nim in stik klean fan ’e man dy’t boarch foar ien is,
en easkje fan him in pân omwille fan oaren.
17Unearlik fertsjinne brea smakket wol goed,
mar neitiid hawwe jo de mûle fol grús.
18Plannen krije har beslach troch oerlis;
gean dus mei oardiel de striid oan.
19Dy’t der mar wat hinne praat, ferriedt geheimen;
jou dy dus net ôf mei in praatsjemakker.
20As immen syn heit en mem ferflokt,
dy syn lampe giet út as it nacht wurdt.
21In besit dat al te gau wûn is,
sil by einsluten net segene wurde.
22Sis net: Ik sil it kwea ferjilde!
Wachtsje op de Heare. Dy sil helpe.
23Twadderlei weachstien hat de Heare in ôfgriis fan
en ûnbetroubere skealjes doge net.
24Wat stappen immen set, hat de Heare al útmakke,
mar hoe sil in minske sels syn wei begripe?
25In minske rint fêst, as er de Heare samar wat taseit
en der earst oer neitinkt, as er syn beloften al dien hat.
26In wiis kening skiftet ferkearde minsken derút
en hy lit it terskrêd oer har hinnegean.
27De Heare ljochtet de geast fan in minske troch,
Hy siket alle keamers fan syn binnenste nei.
28Goedgeunstigens en trou hoedzje de kening
en hy skoarret syn troan mei goede geunst.
29Krêft is de gloarje fan ’e jongerein
en griis hier it sieraad fan ’e âlderein.
30Bluodrige striemmen suverje it kweade út
en stokslaggen de keamers fan it binnenste.