In melaatske wurdt better makke
1Doe’t Jezus by de berch delkommen wie, rûn it folk yn grutte kloften achter Him oan. 2Ynienen kaam in lepralijer samar op Him ta, foel foar Him op ’e knibbels en sei: Hear, as Jo it wolle, kinne Jo my sûn en suver krije. 3Jezus stiek de hân út, rekke him oan en sei: Ik wol it, wurd suver! En op slach gong de melaatskens him ôf. 4Doe sei Jezus tsjin him: Tink derom, fertel it gjin mins, mar lit jo oan ’e pryster sjen en bring dan it offer dat Mozes foarskreaun hat. Dan hawwe se in bewiis.
De feint fan in offisier wurdt better
5Doe’t Er Kafárnaüm yn gong, kaam in Romeinske offisier op Him ta en frege Him: 6Hear, myn feint leit ferlamme op bêd en hat slim pine. 7Jezus sei: Ik kom en sil him wer better meitsje. 8Mar de offisier antwurde: Hear, it komt my net ta, dat Jo by my yn ’e hûs komme. Jou mar in befel, dan sil myn feint wer better wêze. 9Sels stean ik ek ûnder oaren, mar tagelyk haw ik wer soldaten ûnder my; tsjin de iene sis ik: mars, en dan giet er, en tsjin in oarenien: kom, en dan komt er, en tsjin myn feint: doch dat, en dan docht er it. 10Doe’t Jezus dy wurden hearde, stied Er fersteld en sei tsjin it folk dat meirûn wie: Dit sis Ik jimme: By gjinien yn Israel bin Ik sa’n fertrouwen tsjinkommen. 11Ik sis jimme: Mannichien út east en west sil sitten gean oan ’e feesttafel yn it himelske ryk by Abraham, Izaäk en Jakob, 12mar dy’t der fan hûs út by hearden, sille bûten smiten wurde, it roettsjuster yn. Dêr sille se gûle en op ’e tosken knarse. 13Tsjin de offisier sei Jezus: Gean mar, lit it komme sa’t jo fertrouwen it hawwe woe. Op itselde stuit waard de feint wer better.
Gâns minsken wurde better makke
14Doe’t Jezus by Petrus yn ’e hûs kaam, seach Er dat dy syn skoanmem mei koarts op bêd lei. 15Hy krige har by de hân en de koarts gong har ôf. Hja kaam oerein en betsjinne Him. 16Doe’t it jûn wurden wie, brochten se ytlike besetenen by Him. Mei in inkeld wurd bande Er de duvel út. Alle siken makke Er better. 17Wat profeet Jesaja sein hat, moast ommers útkomme:
Hy hat ús kwalen fan ús oernommen
en ús sykten meitôge.
De sabeare folgers fan Jezus
18Doe’t Jezus al dat folk om Him hinne seach, joech Er opdracht nei de oare kant ’e mar te farren. 19Earst kaam der noch in wetlearaar op Him ta en dy sei: Master, wêr’t Jo ek mar hinne geane, ik gean mei. 20Jezus sei tsjin him: De foksen hawwe hoalen en de fûgels nêsten, mar de Minskesoan hat net in eigen plakje dêr’t Er Him deljaan kin.
21In oaren – it wie ien fan syn learlingen – sei tsjin Him: Hear, lit my earst nei hûs ta gean foar de begraffenis fan ús heit. 22Mar Jezus sei tsjin him: Nee, kom mei, en lit de deaden har deaden mar begrave.
It delbêdzjen fan in stoarm
23Doe’t Jezus yn ’e boat stapte, gongen syn learlingen mei. 24In skuorderige wyn flapte del oer de mar, dat de weagen sloegen oer de hiele boat hinne. Hy sliepte lykwols troch. 25Doe gongen se nei Him ta om Him wekker te meitsjen en seinen: Hear help ús, wy fergeane. 26Mar Hy sei tsjin harren: Wêr binne jimme bang foar, jimme mei jim lyts leauwen? Doe kaam Er oerein, ferbea de wyn en it wetter en it waard blakstil. 27Elkenien sei tige ferwûndere: Wa mei Hy dochs wêze, dat de wyn en it wetter om syn sizzen jouwe?
De besetenen fan Gadara wurde better makke
28Doe’t Er oan ’e oare kant yn de kontreien fan ’e Gadarenen oan wâl stapte, kamen by de grêven wei twa besetenen Him temjitte. It wienen sokke gefaarlike, dat gjinien koe dy kant lâns. 29Se begûnen te razen: Wat hawwe Jo mei ús te meitsjen, Soan fan God? Binne Jo kommen om ús yn it foar al te pinigjen? 30No rûn der in foech ein ôf krekt in keppel bargen te weidzjen. 31De duvels smeekten Him: As Jo ús útdriuwe wolle, driuw ús dan dy keppel bargen yn. 32Hy sei tsjin harren: Toe dan mar. Doe gongen se út de mannen wei en yn ’e bargen. Mei stode de hiele keppel by de hichte del, it wetter yn, en se fersûpten yn ’e mar. 33De hoeders namen de wyk en doe’t se thús kamen, fertelden se it hiele ferhaal, ek dat fan de besetenen. 34Elkenien rûn de stêd út, Jezus temjitte, en doe’t se Him seagen, bidden en smeekten se Him út har gerjochtichheid wei te gean.