In lammenien wurdt better makke
1Hy stapte yn ’e boat, foer nei de oare kant en kaam yn syn eigen stêd. 2Dêr brochten se in ferlamme man by Him, dy’t op in draachbêd lei. Doe’t Jezus it fertrouwen fan dy minsken seach, sei Er tsjin de lamme: Moed hâlde, freon, jo sûnden wurde jo ferjûn. 3Inkelde wetlearaars seinen by harsels: It is godslaster, wat Er seit. 4Jezus wist wol wat se tochten, en sei: 5Wêrom dit kweatinken yn jim hert? Wat is makliker: te sizzen: jo sûnden wurde jo ferjûn, of te sizzen: gean oerein en rin? 6Mar ja, om jimme oan ’t ferstân te bringen, dat de Minskesoan it yn ’e macht hat om op ierde sûnden te ferjaan... en doe sei Er tsjin de lamme: Kom oerein, pak jo bêd en gean nei hûs. 7En de lamme kaam oerein en gong nei hûs ta. 8Alle minsken dy’t dat seagen, wienen ferbjustere, se ferhearliken God, dy’t minsken sa’n macht jûn hie.
Mattéus wurdt roppen
9Doe’t Jezus fierderop gong, seach Er in man by it tolhús sitten. Dy syn namme wie Mattéus. Jezus sei tsjin him: Folgje My. De man kaam oerein en folge Him. 10Doe’t Jezus by him te gast wie, kamen der ek hiel wat tolgarders en oar minder fernaam folk op ta. Dy gongen mei Jezus en syn learlingen oan tafel. 11De Fariseeërs seagen dat en seinen tsjin syn learlingen: Wat docht jimme Master mei tolgarders en sûnders te iten? 12Jezus hearde dat en sei: Sûne minsken hawwe gjin ferlet fan in dokter, mar siken al. 13Besykje der ris achter te kommen, wat it Skriftwurd betsjut: meilijen wol Ik en gjin offer. Ik bin net kommen om deugdsume minsken te roppen, mar sûnders.
14Doe kamen de learlingen fan Johannes by Him en fregen: Wêrom fêstje wy en de Fariseeërs al, mar jo learlingen net? 15Jezus antwurde harren: Brullofters sitte dochs net te deabidden, salang’t de breugeman noch by harren is? Mar der komt in tiid dat de breugeman by harren weinommen is. Dan is it foar harren tiid om te fêstjen. 16Gjinien set in lape fan guod dat noch net ynkrompen is, op âlde klean, want it nije stik skuort it âlde út en dan wurdt it gat noch grutter. 17Ek docht men gjin nije wyn yn âlde sekken. Oars skuorre de sekken. De wyn rint derút en de sekken binne wei. Nee, nije wyn docht men yn nije sekken. Dan bliuwe beide behâlden.
It dochterke fan ’e behearder en de frou dy’t Jezus syn klean oanrekke
18Doe’t Er noch dwaande wie mei harren dat te fertellen, kaam in behearder fan ’e synagoge op Him ta, foel foar Him op ’e knibbels en sei: Myn dochterke is krektlyn stoarn. Wolle Jo komme en har de hân oplizze, dan sil se wer libje. 19Jezus en syn learlingen gongen mei.
20Mar in frou dy’t al tolve jier it bloedfloeien hie, roerde fan achteren de seame fan syn mantel oan. 21Want se tocht by harsels: as ik allinne syn mantel mar oanroer, bin ik al holpen. 22Mar Jezus kearde Him om, seach har en sei: Moed hâlde, dochter, jo leauwen hat jo behâld west. Fan doe of oan wie de frou wer better.
23Doe’t Jezus by it hûs fan ’e behearder kommen wie en dêr de skalmeispylders en it jammerjende folk seach, sei Er: 24Jimme moatte hjirwei gean, want it famke is net dea, se sliept. Se laken Him út. 25Nei’t it folk fuortstjoerd wie, gong Er deryn, krige it famke by de hân en doe waard se wekker. 26De rop dêrfan gong it hiele gea troch.
Twa blinen wurde better makke
27Doe’t Jezus fierderop gong, rûnen twa blinen Him achternei. Dy rôpen: Haw meilijen mei ús, Soan fan David. 28En doe’t Er yn ’e hûs gong, kamen se by Him. Jezus sei tsjin harren: Leauwe jimme fêst, dat Ik dat dwaan kin? Se seinen: Jawis, Hear. 29Hy rekke har eagen oan en sei: Dat it jimme gean mei, sa’t jimme leauwe. 30En de eagen fan dy mannen gongen iepen. Foars stie Er der by harren op oan dat se it gjin mins fertelle soenen. 31Mar se wienen amper fuort, of har ferhaal oer Him gong dy hiele krite al troch.
In stommenien wurdt better makke
32Doe’t dy fuort wienen, brochten se in stommenien by Him, dy’t in duvel yn him hie. 33Nei’t Jezus de duvel útband hie, koe de stomme wer prate. It folk wie ferbaasd en sei: Soks is yn Israel noch noait fertoand. 34Mar de Fariseeërs seinen: Mei help fan de opperduvel bant Er de duvels út!
It meilijen fan Jezus
35Jezus teach troch alle stêden en doarpen, joech ûnderrjocht yn de synagogen dêre, ferkundige it bliid boadskip fan it keninkryk en holp in elk dy’t siik en swak wie. 36Doe’t Er de grutte mannichte seach, hied Er tige mei harren te dwaan. Se wienen wurch en ferslein, as skiep sûnder hoeder. 37Hy sei tsjin syn learlingen: De rispinge is ryk, mar de arbeiders binne krap. 38Freegje dêrom de Hear fan ’e rispinge, dat Er arbeiders stjoert om te sichtsjen.