Oer oaren oardielje
1Feroardielje in oar net, dat God jimsels net feroardielet, 2want it oardiel dat jimme oer in oar útsprekke, sil it oardiel oer jimsels wurde. En mei deselde mjitte dy’t jimme brûke, sil jim tametten wurde. 3Wêrom sjogge jo wol de splinter yn it each fan jo broer en fernimme jo der neat fan dat jo in balke yn eigen each hawwe? 4Hoe kinne jo dochs tsjin jo broer sizze: Lit my dy splinter ris by dy út it each helje? Sjoch, der sit jo in balke yn it eigen each. 5Skynhillige, helje earst de balke mar ris út it eigen each. Dan kinne jo genôch sjen om de splinter by jo broer út it each te heljen. 6Jou it hillige net oan ’e hûnen en smyt de bargen gjin pearels foar. Dy sille se fertraapje en dan weromkomme om jimme te ferskuorren.
Freegje, sykje, klopje
7Freegje, en jim sil jûn wurde. Sykje, en jim sille fine. Klopje, en der sil foar jim iependien wurde. 8Elk dy’t freget, kriget. Elk dy’t siket, fynt. Foar elk dy’t kloppet wurdt iependien. 9Is der soms ien fan jimme, dy’t syn soan in stien jout, as er om brea freget; 10of in slange, as er om in fisk freget? 11No, as jimme, ferkeard as jim binne, jim bern goede dingen jouwe, hoefolste mear sil dan jimme himelske Heit it goede jaan oan dy’t der Him om freegje.
12Alles wat jim wolle, dat de minsken jimme dogge, doch dat harren ek. Dêr komme wet en profeten op del.
De nauwe poarte
13Gean ta de nauwe poarte yn, want wiid is de poarte en breed de wei dy’t op it ferdjer oan giet, en der binne in bulte dy’t dat paad nimme. 14Mar wat is de poarte nau en wat is de wei smel dy’t op it libben oan giet! Der binne mar in bytsje dy’t dy fine.
In beam kenne oan ’e fruchten
15Hoedzje jim foar de falske profeten. Dy komme by jimme en dogge har foar as nuete skiep, mar inerlik binne it roppige wolven. 16Oan har fruchten sille jim harren kenne. Men plôket dochs gjin druven fan toarnbosken en gjin figen fan stikels, wol? 17Ja, elke goede beam jout goede fruchten, mar de fermôge beam oars net as minne. 18In goede beam kin gjin minne fruchten jaan, in fermôge noait gjin goede. 19Elke beam dy’t gjin goede fruchten jout, wurdt omhoud en yn it fjoer smiten. 20Sa sille jim se kenne oan ’e fruchten.
Ik haw jimme noait kend
21Net elkenien dy’t ‘Hear, Hear’ tsjin My seit, sil it himelske ryk yn komme, mar allinne hy dy’t docht, wat myn himelske Heit wol. 22Mannichien sil dy deis tsjin My sizze: Hear, Hear, hawwe wy net yn jo namme it goddelike boadskip brocht, yn jo namme duvels útband en yn jo namme hiel wat wûnders dien? 23Ik sil harren dan planút sizze: Ik haw jimme noait kend. Gean by My wei, jimme mei jim ûngerjochtichheden!
De twa fûneminten
24Elkenien dy’t nei dizze wurden fan My heart en dêrneffens docht, liket op in man mei oerlis, dy’t syn hûs op ’e rotsgrûn boud hat. 25It begjint te eazjen, it wetter fan ’e bergen komt delsetten, it waait in stoarm. En dat batst allegear tsjin dat hûs oan; mar it stoart net yn, want it stiet fêst op ’e rots. 26Elkenien dy’t dizze wurden fan My wol heart en der net neffens docht, liket op ien dy’t syn hûs domwei op los sân boud hat. 27It begjint te eazjen, it wetter fan ’e bergen komt delsetten, it waait in stoarm. Dat batst allegearre tsjin dat hûs oan. It stoart yn, it wurdt ien grutte púnfal.
28Doe’t Jezus oan ’e ein kommen wie fan dizze taspraken, wie it folk tige optein oer syn ûnderrjocht, 29want Hy die it as ien dy’t it te sizzen hat, en net sa as har wetlearaars.