De gelikenis fan de brulloft
1Jezus naam it wurd en brûkte dêr wer gelikenissen by. 2It giet mei it himelske ryk lykas mei in kening dy’t ta eare fan syn soan in feestlike brulloft joech. 3Hy stjoerde syn boaden derop út om de gasten dy’t foar de brulloft útnoege wienen, op te roppen. Mar dy woenen net komme. 4Doe stjoerde er der nije boaden bylâns mei dit boadskip foar de gasten: Sjoch, ik haw it miel ree, de bollen en it mestfee binne slachte, alles stiet klear. Kom op ’e brulloft. 5Mar de minsken dy’t útnoege wienen, namen der gjin notysje fan en gongen har wegen, de iene nei syn lân, de oare nei syn affearen. 6Der wienen ek guon by, dy’t de boaden oanpakten, ôftichelen en deasloegen. 7De kening wie poer. Hy stjoerde syn legers derop ôf, liet de moardners deaslaan en har stêd yn ’e brân stekke. 8Doe sei er tsjin syn boaden: It miel stiet klear, mar dy gasten wienen it net wurdich. 9Gean op ’e krusings fan ’e wegen stean en noadzje elkenien dy’t jimme dêr mar fine, foar it brulloftsmiel. 10En de boaden gongen de wegen op en brochten alle lju dy’t se tsjinkamen, byinoar, minnen en bêsten, dat de brulloftsseal rekke fol. 11Doe’t de kening deryn kaam om nei de gasten te sjen, seach er in man dy’t gjin brulloftsklean oan hie. 12Hy sei tsjin him: Freon, hoe binne jo deryn kommen sûnder brulloftsklean oan. Dêr wist er neat op te sizzen. 13Doe sei de kening tsjin syn helpers: Byn him hannen en fuotten en smyt him derút, it tsjuster yn. Dêr sil wat ôfgûld wurde en op ’e tosken knarst! 14Ja, al binne in hopen roppen, der binne mar inkelden útkard.
Belesting betelje oan de keizer
15Dêrnei leinen de Fariseeërs oer, hoe’t se Him op syn wurden fange koenen. 16Se stjoerden har learlingen mei de Herodianen op Him ôf om te freegjen: Master, wy witte dat Jo rjochtút binne en dat Jo earlik de wei nei God wize. Jo litte Jo dêr troch gjinien ôfbringe en Jo sjogge de minsken net nei de eagen. 17Sis ús dêrom jo miening hjir ris oer: Mei men de keizer belesting betelje of net? 18Jezus seach troch har falskens hinne en sei: Wêrom wolle jimme My hifkje, komeedzjespilers? 19Lit My de belestingmunt ris sjen. Se rikten Him in denaarje oan. 20Doe sei Er tsjin harren: Wa syn byld is dat en wa syn opskrift? 21Se seinen: de keizer sines. Doe sei Er tsjin harren: Jou de keizer dan, wat de keizer sines is, en jou God, wat God takomt. 22Dêr hearden se fan op. Hja lieten Him fierder mei rêst en joegen har ôf.
Sille de deaden ferrize
23Dy deis kamen de Sadduseeërs by Him, lju dy’t úthâlde dat der gjin ferrizenis bestiet. 24Se fregen Him: Master, Mozes hat it ús sa foarskreaun: As in troud man stjert en hy hat gjin bern, dan moat syn broer mei de widdo trouwe om him oan bern te helpen. 25No wienen der by ús ris sân bruorren. De earste troude, mar stoar. Om’t er gjin bern hie, liet er syn frou nei oan syn broer. 26Sa gong it ek mei de twadde, de tredde, ja mei alle sân. 27It lêst fan allegearre stoar de frou. 28Wa fan dy sân sil no by de ferrizenis de frou krije? Alle sân hawwe har ommers as frou hân. 29Jezus antwurde harren: Dat jimme hjir mei oan binne, soe dat net komme, omdat jimme gjin begryp hawwe fan de Skrift en likemin fan Gods macht? 30Nei de ferrizenis trouwe se ommers net mear en wurde se ek net mear úttroud. Se binne dan lykas de ingels yn ’e himel. 31En wat dy ferrizenis oanbelanget, hawwe jimme yn ’e Skrift net lêzen, wat God jim dêroer sein hat: 32‘Ik bin de God fan Abraham, Izaäk en Jakob?’ God is gjin God fan deaden, mar fan libbenen. 33Al it folk dat syn wurden hearde, stie fersteld fan wat Er learde.
It grutte gebod
34Doe’t de Fariseeërs hearden, dat Er de Sadduseeërs stil krige hie, kamen se byinoar. 35Ien fan harren, in wetgelearde, frege om Him te hifkjen: 36Master, wat is no it grutte gebod yn ’e Wet? 37Hy sei tsjin him: Do silst de Hear dyn God leafhawwe mei dyn hiele hert, dyn hiele siel en dyn hiele ferstân. 38Dat is it grutte en allerfernaamste gebod. 39En it twadde stiet dêr lyk mei: Do silst dyn neiste leafhawwe sast dysels leafhast. 40Dy beide geboaden hingje Wet en profeten hielendal fan ôf.
De fraach nei de Soan fan David
41Doe’t de Fariseeërs ris byinoar wienen, frege Jezus harren: 42Wat tinkt jimme fan de Kristus? Wa syn Soan is it? Se seinen: David sines. 43Hy sei tsjin harren: Mar hoe kin it dan, dat David, fol fan Hillige Geast, Him Hear neamt? Hy seit ommers:
44De Hear sei tsjin myn Hear:
Gean sitten oan myn rjochterhân
oant Ik dyn fijannen ûnder dyn fuotten lein haw.
45As David Him no Hear neamt, hoe kin Er dan syn soan wêze? 46Gjinien koe Him dêr antwurd op jaan en fan dy tiid ôf doarst gjinien Him mear fragen te dwaan.