Yntocht yn Jeruzalem
1Doe’t se tichteby Jeruzalem kamen, by Betfagé, dat tsjin ’e Oliveberch oan leit, stjoerde Jezus twa learlingen derop út 2mei de opdracht: Gean nei it doarp dat hjir foar jim leit. Al gau sille jimme dêr in ezel sjen. Dy sit fêst en der is in fôle by. Meitsje dy los en bring se by My. 3En as ien jim deroer oansprekt, moatte jim sizze: ‘De Hear moat se brûke.’ Hy sil se dan daliks meigean litte. 4Sa moast útkomme wat troch de profeet sein is:
5Sis tsjin dochter Sion:
Sjoch, dyn kening komt nei dy ta,
fredich sittend op in ezel,
op in fôle, it jong fan in wurkbist.
6De learlingen gongen derop út en dienen sa’t Jezus harren sein hie. 7Se namen de ezel en de fôle mei, leinen har mantels oer de bisten hinne en Jezus gong op ’e ezel sitten. 8Grutte kloften minsken leinen har mantels as kleden oer de wei, oaren sloegen tûkjes fan ’e beammen ôf en struiden dy oer syn paad. 9Dy’t foar Him út gongen en dy’t achter Him oan kamen, rôpen lûd:
Heil de Soan fan David.
Heech te priizjen is Hy dy’t komt yn ’e namme fan de Hear,
Heil God yn ’e heechste himel.
10Doe’t Er sa Jeruzalem yn kaam, rekke de hiele stêd yn ûnstjoer. Se seinen: Wa is dat? 11En it folk sei: It is Jezus, de profeet út Nazaret yn Galiléa.
De suvering fan de timpel
12Jezus gong de timpel yn en jage alle lju dy’t dêr oan it keapjen en ferkeapjen wienen, derút. De diskes fan ’e jildwikselers en de stuoltsjes fan ’e dowehannelers reage Er om 13en Hy sei: Der stiet yn ’e Skrift:
Myn hûs sil in hûs fan gebed neamd wurde,
mar jimme meitsje der in rovershoale fan.
14Yn ’e timpel kamen ek blinen en kreupelen by Him. Hy makke harren better. 15Doe’t de hegeprysters en wetlearaars de wûnders seagen dy’t Hy die, en de jonges yn ’e timpel hieltiten mar roppen hearden: ‘Heil de Soan fan David,’ waarden se poer 16en seinen tsjin Him: Hearre Jo wol wat dy dêr sizze? Jezus antwurde harren: Jawis, hawwe jimme yn ’e Skrift noait lêzen: Jo hawwe beukers en lytse poppen derta brocht jo lof te sjongen? 17Doe liet Er harren stean en gong de stêd út, de kant fan Betánië op. Dêr bleau Er dy nachts.
De ferflokking fan de figebeam
18Doe’t Er de moarns betiid wer nei de stêd gong, krige Er honger. 19Hy seach oan ’e wei in figebeam stean. Dêr rûn Er op ta, mar Hy seach dat der neat oars as blêd oan siet. Doe sei Er tsjin dy figebeam: Noait yn der ivichheid net sille oan dij noch fruchten komme. Op slach fertoarre de beam. 20Doe’t de learlingen dat seagen, seinen se ferbaasd: Hoe kin it, dat dy figebeam sa ynienen fertoarre is? 21Jezus antwurde harren: As jimme echt leauwe en net twivelje, dan sille jimme dat ek kinne, net allinne mei sa’n beam, mar ek mei in berch. As jimme dan tsjin dy berch sizze: ‘Flean op en plof yn see del,’ dan giet it troch. 22Alles dêr’t jimme yn it gebed om freegje, sille jim krije, as jim echt leauwe.
De fraach nei it gesach fan Jezus
23Doe’t Er yn ’e timpel kommen wie en ûnderrjocht joech, kamen de hegeprysters en de âldsten fan it folk by Him en seinen: Watfoar rjocht hawwe Jo om dit te dwaan? Wa hat Jo it rjocht dêrta jûn? 24Jezus antwurde harren: Ik sil jimme ek in fraach stelle en as jimme dêr antwurd op jouwe, sil Ik jimme fertelle mei watfoar rjocht Ik dit doch. 25De doop fan Johannes, wêr wie dy wei, fan God út ’e himel of by de minsken wei? Se leinen mei-inoar oer en seinen: As wy sizze: fan God út ’e himel, dan seit Er grif: Wêrom hawwe jimme him dan net leaud? 26Mar as wy sizze: by de minsken wei, dan krije wy it folk tsjin, want elkenien hâldt Johannes foar in profeet. 27Dêrom antwurden se mar: Wy witte it net. Doe sei Er tsjin harren: Dan sis Ik ek net, mei watfoar rjocht Ik dit doch.
De gelikenis fan de twa soannen
28Mar wat tinkt jimme hjirfan? Der wie ris in man dy’t twa soannen hie. Hy kaam by de earste en sei: Jonge, do moatst hjoed oan it wurk yn myn wyngerd. 29De jonge antwurde: Dat wol ’k net. Mar dêrnei betocht er him en die ’t al. 30De heit kaam ek by de oare en sei krekt itselde tsjin him. Dy antwurde: Goed heit, mar hy gong der net hinne. 31Wa fan beiden hat no dien, wat har heit woe? Se seinen: de earste. Doe sei Jezus tsjin harren: Dit sis ik jimme, de tolgarders en de huorren geane earder it Godsryk yn as jimme. 32Johannes is by jim kommen, in foarbyld fan deugd en rjocht, mar jimme hawwe him net leaud. De tolgarders en huorren dienen dat wol. Dat hawwe jimme ek wol sjoen, mar jim binne net ta ynkear kommen en woenen him net leauwe.
In gelikenis fan de wyngerd en de hierders
33Hjir hawwe jim noch in oare gelikenis. Der wie ris in heareboer dy’t in wyngerd oanlizze liet. Hy sette der in hage omhinne, groef der in kûle yn om de druven te parsjen en boude in wachttoer. Doe ferhierde er dy wyngerd oan wynboeren en gong sels op reis. 34Doe’t de druvetiid kommen wie, stjoerde er guon fan syn manfolk nei de wynboeren ta om syn part fan ’e opbringst op te heljen. 35Mar de wynboeren pakten dy mannen oan. De iene rânselen se ôf, de oare makken se dea en in treddenien stiennigen se. 36Doe stjoerde er nije boaden, mear as de earste kear, mar de wynboeren dienen mei harren lykas mei de foarigen. 37Op ’t lêst stjoerde er syn soan nei harren ta. Dêr sille se wol respekt foar hawwe, tocht er. 38Mar doe’t de wynboeren de soan oankommen seagen, seinen se tsjininoar: Dat is de erfgenamt. Kom, dy slagge wy dea en dan is it erfskip uzes. 39Se pakten him, smieten him de wyngerd út en fermoarden him. 40As no de eigener fan ’e wyngerd sels komt, wat sil er dan mei dy wynboeren dwaan? 41Se antwurden: Hy sil dat minne folk in minne dea stjerre litte en syn wyngerd oan oaren yn ’e hier jaan, oan wynboeren dy’t him op ’e tiid de opbringst ôfdrage. 42Jezus sei tsjin harren: Hawwe jimme noait yn ’e Skrift lêzen:
De stien dy’t de boulju weidienen,
dy is de hoekstien wurden.
Fan de Heare kaam dy hoekstien
en hy is in wûnder yn ús eagen?
43Dêrom sis Ik jimme: It Godsryk sil jimme ôfnommen wurde en it sil jûn wurde oan in folk dat der de fruchten fan opbringt. 44[Elkenien dy’t op dy stien falt, falt himsels stikken, en: Dy’t dy stien op him krijt, wurdt fergruzele.] 45By it hearren fan syn gelikenissen begriepen de hegeprysters en Fariseeërs wol, dat Hy it oer harren hie. 46Se besochten Him yn hannen te krijen, mar doarsten it net oan om it folk. Dat hâlde Him foar in profeet.