De oanklachten tsjin de learaars en Fariseeërs
1Yn dy tiid sei Jezus tsjin it folk en tsjin syn learlingen: 2De stoel fan Mozes binne de wetlearaars en Fariseeërs op sitten gien. 3Doch dêrom alles wat se jimme sizze, hâld jim oan har wurden, mar folgje har net yn har dwaan, want har dieden strike net mei har wurden. 4Se bine swiere pakken byinoar en skowe dy de minsken op ’e lea, mar sels stekke se gjin finger út om dy te tôgjen. 5Se dogge alles om mar by de minsken op te fallen. Sa rinne se om mei brede gebedsriemen en lange kwasten oan ’e klean, 6longerje op ’e eareplakken by de gastmielen, op ’e foarste plakken yn ’e synagogen, 7en op earbiedige begroeting op ’e merk. Se meie der graach oer, dat de minsken har master neame. 8Mar jimme, jimme moatte jim net master neame litte, want jimme hawwe mar ien Master en sels binne jim allegearre bruorren ûnderinoar. 9Neam hjir op ’e wrâld ek gjinien jim heit, want der is mar Ien jimme Heit en dat is de himelske Heit. 10Lit jimme ek net lieder neame, want der is mar Ien jimme Lieder en dat is de Kristus. 11De fernaamste ûnder jimme moat jim betsjinje. 12Elk dy’t himsels heech set, sil ferlege, en dy’t himsels ferleget, sil heech set wurde.
13Wee jimme, wetgelearden en Fariseeërs, komeedzjespilers dat jim binne, want jimme slute it himelske ryk foar de minsken ôf. Sels wolle jimme der ommers net yn en jimme litte de oaren dy’t der al yn wolle, net gewurde.
14[Wee jimme, wetgelearden en Fariseeërs, komeedzjespilers dat jim binne, want jimme ite de huzen fan ’e widdowen leech en dogge foar it each lange gebedens. Dêrom sil it oardiel dat jimme krije, swierder wêze.]
15Wee jimme wetgelearden en Fariseeërs, komeedzjespilers dat jim binne, want jimme swalkje see en lân ôf om ien bekearling te winnen en as jim dat slagge is, meitsje jim der ien fan dy’t noch helte mear yn ’e hel heart as jimsels.
16Wee jimme, bline lieders, dy’t sizze: As men in eed swart by de timpel, dat is neat, mar as men swart by it goud fan ’e timpel, dan is men oan ’e eed bûn. 17Healwiis en blyn binne jimme, want wat waacht no swierder, it goud of de timpel dy’t dat goud hillich makket?
18Fierder sizze jimme: As men swart by it alter, dat is neat, mar as men swart by de jefte dy’t dêrop leit, dan is men oan ’e eed bûn. 19Blyn binne jimme, want wat waacht swierder, de jefte of it alter dat dy jefte hillich makket? 20Wa’t dus swart by it alter, swart tagelyk by alles wat derop leit, 21en wa’t swart by de timpel, swart ek by Him dy’t dêryn wennet, 22en wa’t swart by de himel, swart tagelyk by de troan fan God en ek by Him dy’t dêrop sit.
23Wee jimme, wetgelearden en Fariseeërs, komeedzjespilers dat jim binne, want jimme offerje wol it tsiendepart fan kruzemint, anys en komyn, mar de swierdere ferplichtings dy’t de Wet opleit, hawwe jim fan jim ôfskood: rjocht, meilijen en trou. Dizze lêste ferplichtings hienen jimme neikomme moatten sûnder it oare te litten. 24Bline lieders, dy’t de mich út it drinken wei fiskje, mar de kamiel mei trochslokke.
25Wee jimme, wetgelearden en Fariseeërs, komeedzjespilers dat jim binne, want jimme meitsje de bûtenkant fan bekers en boarden skjin, wylst se binnenyn fol sitte mei ynklauwerichheid en ûnfoegens. 26Bline Fariseeër, meitsje earst de binnenkant fan ’e beker skjin. Dan kin ek de bûtenkant himmele wurde.
27Wee jimme, wetgelearden en Fariseeërs, komeedzjespilers dat jim binne, want jimme lykje op wite grêfstiennen. Fan bûten sjogge se der kreas út, mar dêrûnder sit it fol deadsbonken en alle soarte smoargens. 28Sa is it ek mei jimme. Fan bûten komme jimme de lju tige deugdsum foar, mar binnenyn sitte jimme groatfol falskens en gemienens.
29Wee jimme, wetgelearden en Fariseeërs, komeedzjespilers dat jim binne, want jimme bouwe de grêven fan ’e profeten wer op en fersiere de tinkstiennen fan ’e deugdsumen. 30En dan sizze jimme: As wy yn ’e tiid fan ’e foarâlden libbe hienen, soenen wy net meidien hawwe om de profeten te deadzjen. 31En dêrmei jouwe jim sels ta, dat jimme ta it skaai fan ’e profetemoardners hearre. 32Meitsje dan ek de mjitte fan jim foarâlden mar fol. 33Slangen dat jim binne, njirrebrod, hoe sille jimme it oardiel ûntrinne, dat jim nei de hel ferwiist. 34Dêrom stjoer Ik profeten, wizen en learaars nei jimme ta. Jimme sille guon fan harren deameitsje en krusigje, oaren giselje yn jim synagogen of achterneisitte fan ’e iene stêd nei de oare. 35Sa moat al it deugdsume bloed dat op ’e wrâld fergetten is, op jimme delkomme, fan ’e deugdsume Abel sines ôf oan dat fan Sacharias ta, de soan fan Berekja, dy’t jimme fermoarde hawwe tusken de timpel en it alter. 36Ja, Ik sis jimme: dat sil allegearre op dizze generaasje delkomme.
Weeklacht oer Jeruzalem
37Jeruzalem, Jeruzalem, dat de profeten fermoardet en de mannen stienniget dy’t nei dy tastjoerd binne, hoe faak haw Ik dyn folk net byinoar bringe wollen, sa’t in hin har piken ûnder de wjukken nimt; mar jimme hawwe net wollen. 38Sjoch, no wurdt jimme hûs oan jimsels oerlitten. 39Ja, Ik sis jimme: My sille jim net mear sjen, oant jimme sizze: Heech te priizjen is Hy dy’t komt yn ’e namme fan de Hear.