1Sjoch, Ik stjoer myn boade dy’t foar My út it paad reemeitsje moat;
ynienen komt nei syn timpel de Hear, om wa’t jim sykje;
de Ingel fan it ferbûn, dêr’t jim mei langst nei útsjogge.
Sjoch, Hy is op kommende wei,
seit de Heare Almachtich.
2Mar wa kin de dei fan syn kommen ferneare?
Wa kin stean bliuwe as Hy ferskynt?
Want dy dei is as it fjoer fan ’e goudsmid en as it bleekwetter fan ’e blikkers.
3Ja, Hy sil sitten gean om it sulver te smelten en te lotterjen,
Hy sil de leviten lotterje,
har suverje as goud en sulver;
dan sille se de Heare offerjeften bringe, sa’t it heart.
4Dan sil de offerjefte fan Juda en Jeruzalem de Heare wer oanstean lykas yn earder dagen,
as yn ’e jierren fan lang ferlyn.
5Dan kom Ik by jim om rjochtdei te hâlden
en Ik sil in beret rjochter wêze tsjin tsjoenders, troubrekkers, lju dy’t falske eden dogge,
dy’t de arbeider yn syn deihier bekrinke
en de widdo, de wees en de frjemdling yn har rjocht;
ja, tsjin al de lju dy’t gjin ûntsach foar My hawwe,
seit de Heare Almachtich.
Jou de Heare syn rjocht
6Wier, Ik, de Heare, Ik bin net feroare,
mar jimme, jim binne ek soannen fan Jakob bleaun.
7Sûnt de dagen fan jimme foarâlden binne jim al ôfwykt
en hawwe jimme myn ynsettingen net yn acht nommen.
Kear jim wer nei My ta en Ik sil My wer nei jim ta keare,
seit de Heare Almachtich.
8Jimme freegje: Wêr moatte wy ús dan fan bekeare?
Mei in minske God tekoart dwaan?
Mar jimme dogge it al!
En noch freegje jim: Wêr ha wy Jo mei tekoart dien?
Mei de tsienden en de wijjeften.
9Wylst der in flok op jim leit,
dogge jimme My tekoart, jim hiele naasje.
10Bring de tsienden yn ’e foarriedskeamers, de folle mjitte,
dat der iten yn myn hûs wêze mei.
Hifkje My, seit de Heare Almachtich,
en sjoch,
oft Ik de lûken fan ’e himel net foar jim iepen doch
en segen oer jim útstoart,
dat de ein derfan wei is.
11Dan ferbied Ik de kealfretter de frucht fan jim bou te fernielen
en te meitsjen dat de wynfjilden neat opleverje,
seit de Heare Almachtich.
12Dan sille de oare folken jimme lokkich priizje,
want jim lân sil in begearlik lân wêze,
seit de Heare Almachtich.
Twadde oankundiging fan de dei fan de Heare
13Jim hawwe mar in steil wurd oer My, seit de Heare.
En noch freegje jim: Wat hawwe wy dan fan Jo sein?
14Jim sizze: ‘God tsjinje hellet neat út.
Wat ha wy dermei wûn,
dat wy syn tsjinst trou waarnommen
en yn rouklean omrûn hawwe foar de eagen fan de Heare Almachtich?
15Dat no neame wy de brutalen gelokkich,
de kweadoggers giet it ommers goed;
al fergje se God ek noch sa,
se komme der goed foarwei.’
16As dy’t ûntsach foar de Heare hawwe,
sa mei-inoar prate,
dan nimt de Heare der wis notysje fan en harket Er goed.
En om it fêst te lizzen is der ûnder syn eigen tafersjoch in boek fan skreaun
foar harren dy’t ûntsach foar Him hawwe
en syn namme yn omtinken hâlde.
17Hja sille mines wêze, seit de Heare Almachtich,
myn eigen, op ’e dei dy’t Ik taried.
En Ik sil harren ûntsjen,
sa’t in man syn soan ûntsjocht, dy’t docht wat hy seit.
18Dan sille jimme wer ûnderskied sjen tusken de goede en de ferkearde,
tusken wa’t de Heare tsjinnet en wa’t dat net docht.
19Want sjoch, dy dei is op kommende wei, gleon as in oven;
dan wurde alle oermoedigen en kweadoggers as tsjêf;
en dy kommende dei sil harren yn ’e brân sette,
seit de Heare Almachtich,
en der sil woartel noch tûke fan oerbliuwe.
20Mar foar jimme, dy’t ûntsach hawwe foar myn namme,
sil de sinne dy’t alles goed makket, opgean,
en ûnder syn wjukken wurdt wat siik wie, better.
Jim sille losbrekke en jim tjirgje as keallen dy’t de stâl útlitten wurde,
21en jim sille de goddeleazen ferwâdzje;
want op ’e dei dy’t Ik taried,
ferwurde se ûnder jimme soallen ta stof,
seit de Heare Almachtich.
Beslút
22Tink om de wet fan Mozes, myn tsjinstfeint,
de ynsettingen en rjochtsútspraken sa’t Ik him dy op ’e berch Hoareb oplein haw foar hiele Israel.
23Sjoch, Ik stjoer jimme de profeet Elía,
ear’t dy grutte en skriklike dei fan de Heare komt.
24Hy sil it hert fan ’e âlden wer nei de bern ta keare
en it hert fan ’e bern nei de âlden,
dat Ik net hoech te kommen om it lân mei de banflok te slaan.