It oardiel oer de prysters
1Dêrom, prysters, wurdt jim dit oansein:
2As jimme net harkje
en as jimme net mei ynmoed soargje foar de ferearing fan myn namme,
seit de Heare Almachtich,
dan sil Ik de flok op jim lizze,
dat jimme segen yn in flok feroaret;
ja, Ik sil dat wis dwaan, bywannear’t it jim gjin ynmoed is.
3Sjoch, Ik sil jimme mienskip straffe
en jimme ûnhuerichheid oer it timpelhôf struie,
de ûnhuerichheid fan jimme feestoffers,
en se sille Levy syn troan ûntnimme.
4Dan sille jimme witte, dat Ik jim dizze oansizzing stjoerd haw op grûn fan myn ferbûn mei Levy, seit de Heare Almachtich. 5Myn ferbûn mei him hâlde yn:
Ik soe him libben en woltier jaan
en hy soe ûntsach foar My hawwe
en djippe earbied foar myn namme.
6It wetsûnderrjocht dat er joech,
koe men op bouwe;
en wat him oer de lippen kaam,
koe men op oan.
Geef en oprjocht hâlde er him yn al syn dwaan oan My
en mannichien hat er fan it ferkearde paad werombrocht.
7Want it wurd fan ’e pryster moat de godskennis hoedzje
en út syn mûle ferwachtet men wetsûnderrjocht,
om’t er boade fan de Heare Almachtich is.
8Jimme lykwols binne fan ’e wei ôfwykt en troch jim wetsûnderrjocht hawwe jim gâns minsken stroffelje litten. Jim hawwe fan it ferbûn mei Levy neat oerbliuwe litten, seit de Heare Almachtich. 9Dêrom meitsje Ik fan myn kant no, dat it hiele folk jimme ferachtet en leechleit, mei’t jimme myn wegen net hâlden hawwe en by jim wetsûnderrjocht earst sjogge, wa’t jim foar hawwe.
Tsjin trouwen mei in heiden en troubrek
10Ha wy net allegearre ien-en-deselde Heit? Is ien God net de skepper fan ús allegearre? Wêrom binne wy inoar dan ûntrou en ûnthilligje wy sadwaande it ferbûn mei ús foarâlden? 11Juda is ûntrou wurden en der binne grousume dingen dien yn Israel [en Jeruzalem], want Juda hat it hillichdom fan de Heare ûntwijd troch te frijen om de dochter fan in frjemde God en mei har te trouwen. 12Mei de Heare de man dy’t soks docht – wa’t er ek wêze mei – ferbalje út ’e tinten fan Jakob, al bringt er de Heare Almachtich ek offers.
13It twadde dat jim dogge is dit: Jim skrieme en krimmenearje, om’t de Heare Almachtich net mear nei jimme offerjeften omsjocht en neat mear hawwe moat fan wat jim bringe; dêrtroch driuwt syn alter fan triennen. 14En noch freegje jim: Wêrom dochs? Om’t de Heare getuge wie tusken dij en de frou fan dyn jonge jierren, dysto ûntrou wurden bist. En dochs is se dyn neiste oanhâld en de frou dêrsto in trouferbûn mei hast.
15In frjemden-ien soe dat net dwaan,
salang’t er wit wat er docht.
En wat foar ien is dy frjemde?
Ien dy’t stribbet nei in hillich skaai.
Dêrom, betink jim goed.
Sûnder mis, hy sil de frou fan syn jonge jierren net ûntrou wurde.
16Want wa’t syn frou hatet en fuortstjoert, docht har geweld oan
– seit de Heare, de God fan Israel –
en besmoarget syn eigen klean mei in misdied
– seit de Heare Almachtich.
Dêrom, betink jim goed
en wês net ûntrou.
Earste oankundiging fan de dei fan de Heare
17Jimme meitsje de Heare wurch mei jim gepraat. En noch freegje jim: Wêr meitsje wy de Heare wurch mei? Mei jim sizzen: Elk dy’t kwea docht, is goed yn ’e eagen fan de Heare, en: Sokken mei Er wol lije. Of mei jim freegjen: Wêr bliuwt no dy God fan it rjocht?